Hwerom't der altyd safolle mosken om hûs en hear binne
Sjoch, ús folk goaide sa winterdei wol ris hwat itenspul bûtendoar en dan koe it ynienen s wart fan mosken wêze. Dan frege ik ús pake: ‘Hwer komme al dy mosken wei?’ Pake hie dêr it folgjende forhael op:
De foks hie der op in kear net safolle nocht mear oan en gean altyd op roof út. Hy tochte, dêr moat ik hwat oars op útfine, dat se by my komme. En nei in pear nachten sliepbrekken wist er, hoe't er der mei oan soe. Hy liet in advertinsje yn 'e fûgelkrante sette, dat der to Rome in nije paus frege waerd en dêr koene de fûgels ek gading oan meitsje. De hearen yn Rome hiene him, de foks, kapelmaster makke en hy moast har foar't se sollisitearje mochten in eksamen ôfnimme yn 't sjongen, hwant dat kaem dêr tige krekt.
Doe wie it spul geande. De fûgels setten allegearre op 'e foks ta en dy stie foar de doar fan 'e hoale yn 'e kraelskroatene broek en mei de lange slipjas oan, as in echte kapelmaster. Hy koe sa fatsoenlik bûge, hy noege de fûgels yn en as se binnendoar wiene frieten de foks en syn wiif har op. Dat der kaem net ien wer út dy't foar de sollisitaesje yn oanmerking kommen wie. Mar de mosk hie al mear meimakke en dy stie it net. Hy tripke dêr hwat by de foks om hûs en hear, mar hy kaem net yn 'e hoale. De foks sloech al nei him, mar hy ûntkaem. Hy hat fan 'e sollisitaesje ôfsjoen, en is sadwaende yn 't libben bleaun en hy hat in greate neiteam krige.