De jonge gong nei hûs en burch de kneppel op. Hy bigoun mar wer to fiskjen en de slimme tiid kamen se doch troch. De jonge waerd feint en de feint man. Hy troude en hy krige ek in soantsje. Dat jonkje like krekt op syn heit. En op in kear, doe't syn heit him meinommen hie nei it strân to bûtsykjen, seach er, wylst se by de brânning lâns rounen, it iene of it oare driuwen. Hy stapte yn 't wetter, loek it oan 'e kant en stie it to bisjen. Mar ynienen hearde er in skreau en doe seach er dat syn jonkje it wetter ek yn roun wie om hwat to krijen dat er der dobberjen sjoen hie, en de jonge waerd troch de stream grypt en meisleept yn in mui de sé yn.
De heit wist, alhoewol ik goed swimme kin, rêdde kin ik him net, hwant hy is fordronken ear't ik by him bin. Mar hy skuorde doch de klean út en krekt doe't er it wetter yn dûke soe, seach er in ein fan it strân de kop fan in séhoun boppe wetter kommen; dy pakte syn jonkje en droech it werom nei it strân, dêr't er it dellei op it sân. En doe't de heit der by kaem, lei de séhoun in eintsje fierder, oan 'e rânne fan it wetter, nei him to sjen. Syn jonkje libbe noch, en doe't er nei de séhoun seach, foel it him op, dat dy deselde eagen hie as it robbejong dat er ienris, lang lyn, sparre hie.