De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 339]
| |
Mar doe foun it hintsje, miende it, in hiele grouwe nút en it bigreate him dat de hoanne dêr de helte fan ha soe. Dat de hin slokte him hiel troch. Mar it wie in stien dy't op in nút like en dy bleau yn 'e kiel stykjen. Dat de hin krige it binaud en sei tsjin de hoanne: ‘Helje my gau hwat wetter, dat ik dy nút fuortspiele kin’. De hoanne der op út, en doe wie dêr in welle of boarne, dêr soe er wetter út skeppe. Doe sei de boarne: ‘Hou! Sa giet dat net, jonge - dou kinst gjin wetter krije’. ‘Net?’ ‘Of ja, dou kinst wol wetter krije; ik wit net ofst der mei op 'e hichte biste - ik stean op trouwen, en nou wol myn oansteande sels in jurk meitsje, mar se hat gjin reade side. Dat dou moatst nei de naeister gean en helje reade side. Dan kinst fan my wetter krije’. ‘Dan moat dat’, sei de hoanne en hy makke hastich dat er by de naeister kaem. ‘Ja’, sei de naeister, ‘mar ik haw ek noch hwat yn akte. Ik moat earst dy krânse hawwe dy't dêr yn 'e wylgebeam waeid is. Ast dy der foar my út hellest, krigestou reade side fan my’. Dat de hoanne helle de krânse út 'e wylgebeam en de naeister joech him reade side. ‘Dat is moai’, sei de boarne, doe't de hoanne by him weromkaem, ‘skep nou mar wetter, safolle ast ha wolste’. Mar doe't de hoanne mei syn wetter by de hin kaem, wie de hin dea. De hoanne wie alhiel foralterearre en hy gong sa oan, dat de oare dieren kamen der op ta setten. Dêr wie ek in nêst fan seis mûzen by en dy bigreate it wol sa om 'e hoanne, dy't dêr earmelytse by syn deade hin stie. Nou ja, de hin moast bigroeven wurde. ‘Witt' jo hwat!’ seine de mûzen, ‘wy sille in wein meitsje, de hin der op en dan lûke wy himsels. De hoanne kin foarop sitte mei de leijen yn 'e hân en dan bringe wy him fuort nei de heuvel’. Dat like de hoanne goed ta - hwat moast er oars? Dêr ried de roustoet hinne. It duorre in skoftke, dêr komme se de foks tsjin. Hy freget de hoanne: ‘Hwat moat dit hjirre?’ ‘Sjoch’, seit de hoanne, ‘de hin is my stoarn en nou sille we har bigrave’. ‘Dan wol ik graech meiride’. ‘Klim mar efter op 'e wein!’ De foks klom efter op 'e wein en de mûzen setten de gong der wer yn. It duorre in skoftke, dêr komme se de wolf tsjin. ‘Hwat is der to rêdden?’ Sa en sa, seit de hoanne. ‘Dan wol ik graech meiride’. Dat de wolf klom ek efter op. It duorre in skoftke, dêr wie in bear. ‘Hwat moatte jim?’ Nou, sa en sa. ‘Dan wol ik graech meiride’. Dat dy kaem ek op 'e wein. De mûzen krigen njonkenlytsen in hiele lûk. Doe komt der noch in hert oan. ‘Hwat is dit hjir in frjemde optocht!’ Ja, sa en sa, seit de hoanne. ‘Ik wol ek wol meiride’. Dat it hert rekke der ek noch by op. Op 't langelêst komt der noch in liuw oan. Dy woe ek noch meiride. Dêr gong de stoet wer hinne, mar net sa hurd mear. Doe komme se by in streamke en dêr leit gjin brêge oer. ‘Hoe komme wy hjir lâns?’ Se skodkoppen allegearre, mar de ploech bleau op 'e wein sitten en gûlde kleilieten oer de deade hin. Doe komt de hoanne fan 'e wein en sjocht efkes by it streamke en dêr stiet in grouwe strie, of in reid, dat wit ik net sa lyk. Dy strie sei tsjin 'e hoanne: ‘Jonge, ik hearde jim gefal hjir al, dat ik sil jim in stikel út 'e foet lûke: ik gean dwers-oer lizzen, oer it wetter, en dan kinne jim oer my hinne ride’. Nou, dat like de oaren ek goed ta, dat dêr kaem it spul wer yn biweging, oer de strie hinne. En glied dêr de wein net by del! De oaren sprongen allegear fan 'e wein, mar de seis mûzen sieten yn it túch, dy koene der net foarwei komme; dat dy fordronken. Dat wiisde min. Doe moast de hoanne dan sels de wein mar lûke. Se hysten meiïnoar de wein wer op 'e kant en de ploech gong der wer op sitten. Mar hoe nou? | |
[pagina 340]
| |
Doe lei dêr in stik brânnend houtskoal en dat krige meilijen mei de hoanne, hwant dy siet hyltyd to skriemen. It houtskoal sei: ‘Ik bin sterk genôch en ek lang genôch om oer de wjittering. Dat ik gean dwersoer lizzen en jim kinne wol oer my hinne ride’. Dat soe dan mar wêze. De wein der op. En hwat wie 't gefal? Troch it gewicht sakke dat houtskoal to djip yn 't wetter en it dôve út. Doe wiene se dat ek kwyt en se koene net fierder. Dat hals oer de kop tobek. Doe lei dêr in grouwe stien en dy bigreate it ek ta de teannen út om de hoanne, dat dy sa'n wurk hie om syn hin to bigraven. De stien sei: ‘Ik sil dwersoer lizzen gean en ik kin 't wol hâlde en dan kinne jim oer my hinne ride’. Moai. Se rieden oer de stien hinne, de hiele ploech wer mei. Mar doe moasten se by de oare wâl op. Dêr hie de hoanne in hys oan, en se wiene sahwat boppe, doe glieden se werom. En rûgelje de oaren net allegearre yn 't wetter! En se fordrinke allegear. Doe wie de wein lichter, sadwaende koe de hoanne de deade hin der by op lûke. Dêr stie er allinne mei de hin. Alles om him hinne weistoarn. Hy bigoun in gat to klauwen en dêr bigroef er syn hin yn. En doe't dan it grêf ôfmakke wie, sette hy der in krús op en sels gong er op it krús sitten. Frette en drinke woe er net mear, dat de hoanne is fan fortriet stoafn. De rooffûgels binne op 't lêst mei him fuortgongen en it krús is allinne op 'e heuvel stean bleaun. |
|