Hwerom de swellen miggefange boppe de sleat
Der wie ris in sweltsje dat fieach boppe de sleat en wie oan 't miggefangen. It seach in kikkert op in blêd, dy wie ek oan 't miggefangen, mar hy bleau der deastil by sitten, allinne nou en dan stiek er de tonge út om in mich to pakken. Doe bigoun it sweltsje to gnizen en sei tsjin 'e kikkert, soks wie dom dwaen, hwant sa krige er hast gjin miggen; hy, it sweltsje, wie folle flugger en mei gâns minder muoite koe er folle mear miggen fange. De kikkert sei tsjin 'e swel, hy moast net sa'n greate bek ha oer syn fluggens, hwant as 't der op oan kaem, koe hysels hurder ûnder wetter swimme as dat de swel yn 'e loft fleane koe. Doe sette de swel it him om dat to biwizen.
Der roun in sleat by in boskrânne lâns en doe praetten se ôf, se soene oan 'e iene ein bigjinne en dan om it hurdst nei de oare ein ta fleane of swimme, dêr fuort omkeare, en hwa't dan earst op de miet werom wie, dy hie it woun. Mar der moast kontrôlle wêze en dêrom fregen se de houtaksters, oft dy der taforsjoch op hâlde woene. Oan it bigjin en oan 'e ein waerd in houtakster set en trije oare houtaksters gongen oer de langte fan 'e sleat oan 'e kant sitten. Der waerd ôfsprutsen, de kikkert soe oer de boaijem fan 'e sleat swimme en de swel der boppe fleane. En sadré't de swel oan 'e kikkert rôp - dat soe er dwaen hwer't de houtaksters sieten - dan moast de kikkert de kop boppe wetter stekke en weromroppe. It akkoart wie, dat dejinge dy't it forlear soe alle dagen safolle miggen foar de oare fange moatte as dy op koe.
De houtakster dy't by de miet kaem to sitten, wie de fuortsizzer. Dat dy joech it startsein en dêr gong it hinne. Doe't de swel by de twadde houtakster wie, rôp er oan 'e kikkert. De kikkert stiek de kop boppe wetter en antwurde. En de wedstriid gong wer fierder. Mar it wie wol frjemd: op alle plakken dêr't in houtakster oan 'e kant siet, dêr wie de kikkert de swel krekt foar en stiek de kop boppe wetter. Doe't de swel hast werom wie, rôp er al foar't er oan 'e miet ta wie oan 'e kikkert - en de kikkert stiek de kop boppe wetter, krekt foardat de swel oankaem. Dus hy hie it woun. Dêr stie elkenien forsteld fan.
Mar hwat de swel net wist, en de houtaksters likemin: dy stjonkert fan in kikkert hie in ôfspraek makke mei syn famylje en op elk plak dêr't in houtakster op 'e wâl siet, hie in kikkert him op 'e boaijem fan 'e sleat deljown en dy hie de kop boppe wetter stutsen om de swel to antwurdzjen. Us maet sels wie by de miet gewoan ûnderdûkt en doe't de swel weromkaem siet er him dêr op to wachtsjen. Hy hie net in tomme fan 't sté west.
En dêrom sjocht men noch altyd de swellen boppe de sleatten oan 't miggefangen en de kikkerts sitte mei de bek iepen, hwant de swel moat hyltyd in mich by de kikkert syn bek falle litte, krekt salang dat er sêd is.