Hoanne en ein
Earne yn 't fjild tusken Tsjom en Kûbaerd leit in pleats, dy hjit De Goudberch. Dêr hawwe se ris in hoanne hawn, dy wie mar frijhwat proastich. De Goudberch leit net ticht by oare pleatsen; it wie him oan to sjen, sa't er dêr oer it hiem stapte, dat er it ryk allinne hie. Krekt as woe er sizze, sjoch, ik bin hjir de man! Op in kear dat er der wer sa omstapte, it hoanneboarst foarút, seach er in ein. De ein sei him goeijemoarn, lyk as in ein dat docht: ‘Kwêk, kwêk!’ De hoanne sei: ‘H'n! H'n! It is gjin gesicht mei dy! Dat rinnen fan dines liket nearne op, nearne! Né, dêr silst noch wol ris les yn nimme moatte. Dou meist dy wol skamje, datst dyn poaten net better forsette kinste. En fierder bist ek net sa feardich, lyk as ik. Moatst ris sjen! Nou flean ik even op dy homeijepeal’. De hoanne klapwjukke en dêr stie er boppe op 'e homeijepeal. Krekt soe er bigjinne to kraeijen, doe foel der in skot.
Hy waerd sa forhipte kjel, de hoanne, dat hy plofte fan dy homeijepeal midden yn 'e wide grêft. De ein wie ek yn 'e grêft dûkt, mar dy swom feardich. ‘Moard!’ baltte de hoanne. Hy tochte, dat it skot op him rjochte west hie. Mar doe fielde er dat er sonk. As in bakstien - hy koe net swimme. ‘Help, help!’ earmoede er út needeangst oan 'e ein. Doe is dat eintsje hinnegongen en dat hat him bystien en it is him slagge om de hoanne wer op it droege to krijen, lykwols mei alle muoite en lijen, hwant it wie gâns in hoanne. De hoanne skodde de pels en stammere: ‘Dou wurdst bitanke, dou wurdst bitanke!’ Hy wie frijhwat bitommele. ‘Ja’, sei de ein, ‘dou seist niis tsjin my, ik moast les nimme yn 't rinnen, mar soestou net ris swimles nimme? Ik jow ta, myn rinnen kin gjin sprekken lije, mar dyn swimmen is hielendal neat!’