En in wike letter xkaem er wer. Doe sei de wolf: ‘Ik wol wol sjonge, mar it moat bitelle wurde. Hwat ha jo my to bieden?’
‘Och’, sei de âld man, ‘myn pipe bin 'k al kwyt. Ik haw eigentlik neat mear’.
Doe sei de wolf: ‘Jo hawwe in geit op 't hiem stean. Ik sjong foar jo - de geit is foar my’. En de wolf krige de geit.
In wike letter soe de wolf wer foar de âld man sjonge. Hy sei: ‘It moat bitelle wurde. Hwat hawwe jo der foar oer?’
‘Och’, sei de âld man, ‘ik ha gjin pipe mear, ik ha gjin geit mear, winlik haw ik neat mear’.
Doe sei de wolf: ‘Mar jo ha noch twa bern. Allebeide foar my, en ik sil foar jo sjonge’.
De âld man antwurde: ‘Sjong mar!’ En de wolf krige de twa bern.
Doe't er in wike letter wer kaem, sei de wolf: ‘Ik wol wol foar jo sjonge, mar it moat bitelle wurde’.
‘Ja’, sei de âld man, ‘ik bin alles al kwyt; ik ha gjin pipe mear, ik ha gjin geit mear, myn beide bern binne fuort - hwat nou dan?’
De wolf sei: ‘Jo ha ek noch twa bernsbern’.
‘Nou’, sei de âld man, ‘it moat mar’. En de wolf song en krige de beide bernsbern.
De wyks dêrop kaem de wolf wer en hy frege de âld man: ‘Hwat kinne jo my bitelje?’
De man sei: ‘Ik ha nou hielendal neat mear’.
‘Hou ris!’ sei de wolf, ‘jo ha in eigen boerespul. De pleats mei reau en bislach foar my, en ik sil foar jo sjonge’. En de wolf song en krige de pleats mei de hiele buorkerij.
Wer in wike letter kaem er werom en frege de âld man: ‘Hwat kinne jo my bitelje?’
De âld man sei: ‘Ik bin alles al kwyt - ik ha gjin pipe mear, ik ha gjin geit mear, ik ha gjin bern mear, ik ha gjin bernsbern mear en ik ha gjin buorkerij mear. Man, ik ha neat mear!’
De wolf sei: ‘Jo hawwe noch in wiif’.
‘Ja’, sei de âld man, ‘dat ha 'k noch’.
‘Nou’, sei de wolf, ‘ik sil foar jo sjonge, mar dan moat ik jou wiif ha’.
‘Wel’, sei de âld man, ‘dat moat dan mar’. De wolf song en joech him ôf mei de âld man syn wiif. Hy hie alles.
Doe tocht de wolf by himsels, nou bin ik like ryk as in minske. De geit sil molke jaen, de bern en de bernsbern sille foar my arbeidzje. Ik smook de pipe en it wiif rêdt mei de buorkerij.
Mar it âld wiif, dy kweade fûlekaen, dy wie noch neat foroare. Se die de buorkerij, mar bihannele him krekt sa't se har eigen âld man bihannele hie - se joech him op 'e bealich en hy hie in minne kost. Dat duorre in setsje, doe krige de wolf syn nocht. Hy brocht it wiif, de bernsbern, de bern, de geit en de pipe werom, en hy sei tsjin de âld man: ‘De buorkerij kinne jo ek wol wer krije’.
Sûnt dy tiid hat de wolf noait wer songen en kin er allinne noch mar gûle.