Om 't hurdst meane
It folk siet op in winterjoun yn 'e herberge. Doe kamen de sterke stikken los, en hwat se dan wol net koene! Nuver, yn 'e herberge koene se simmerdei sa ôfgryslik reedride en by 't winter meanden se in fjild lân yn ien dei.
Wylst se dêr sa sieten to swetsen, wie der in frjemde man yn kommen. Dy skikte ek by en krige in lange piip. Doe wie der ien yn it omsittend laech, dy joech ek wakker op fan syn meanen. ‘It is sa’, sei in oaren, ‘der is him noch noait ien foarby meand’. ‘Nou’, sei de frjemde man tsjin 'e mier, ‘dan wol ik fan 't simmer wol ris mei dy meane, as 't safier is’. Wis, dat moast altyd wêze. ‘Dan kom ik wol by dy’, sei de ûnbikende.
De oare simmers wie de mier mei in maet yn 't span oan 't meanen en doe kaem de frjemdling by him yn 't miedlân. De mier tocht, ik sil dy der wol efkes ôf meane, mar doe't de frjemdling sei: ‘Nou moatstou mar foarop en dan krijst in heal forset foarsprong’, doe bikaem er al in bytsje. Se setten útein, en och hea, de mier wie noch net healwei de twadde helte fan it forset, doe siet de oare him al op 'e hakken. Hy tocht, blikstiender, ik wol my winliken net foarby meane litte. Mar de oare kaem neist him en se wiene op slach. Doe die de mier in heale slach, hy draeide syn seine