‘Mar hwat stiet der foar oer?’ De duvel sei: ‘Ik ha ien bitingst: de earste dy't de tate fan jou frou drinke sil, falt binnen 't jier oan my ta’. De boer moast der suver om laitsje. Hy tocht, och, bern krije wy doch net mear, dêr wurde wy njonkenlytsen to âld ta. Dat kin 'k bêst noedzje. En hy die him gelok.
Fan 'e duvel krige er jild; hy liet in nije pleats sette, wreide syn bislach út en buorke merakel bêst. Mar in pear jier letter fortelde de boerinne him, dat se swier wie. De boer waerd ôfgryslike kjel, hwant hjir hie er net mear op rekkene. Yn earsten forswijde er foar de frou hwat syn akkoart mei de duvel wie, mar doe't se op alle dagen roun, koe er it net langer foar him hâlde. Hwat se altyd winske hiene, mar dêr't se net mear op hoopje doarsten, dat wie lang om let kommen, en nou soene se it ôfstean moatte, hwant syn kontrakt moast de boer neikomme. Mar syn frou sei: ‘Ha mar gjin noed, de memmeleafde is sels de duvel oermânsk’. Doe kaem se yn 'e kream en krige in famke. De boer stie der by. Hy naem it lyts popke yn 'e hannen en barstte yn gûlen út. ‘Hiene wy dy mar noait hawn’, rôp er, ‘mar even meije wy dy hawwe en dan moatte wy dy kwyt oan 'e duvel!’ Mar de frou sei: ‘Sit der mar net oer yn. Gean nei it bargehok en helje my in bichje!’ Dat die er en de boerinne lei it oan 't boarst en it dronk har de earste tate ôf.
Krekt in jier letter kaem de duvel en sei tsjin 'e boer, dêr't de frou by wie: ‘Jo witte hwat ús akkoart is - hwer is se?’ De frou sei: ‘Kom mar mei, ik sil 't jo wize’. Se naem him mei nei 't bargehok. It bichje wie yntiid al in baerch wurden. ‘Sjoch’, sei se, ‘dêr stiet dejinge dy't myn earste tate dronken hat’. De duvel waerd pûrrazend. Hy rôp: ‘Dat de Heare my ienris yn 'e bargen stjûrd hat, mei noch hinnebruije. Mar dat in frommis my nei de bargen stjûrt, dat sil 'k mysels noait wer forjaen kinne!’ Op itselde stuit wie er fordwoun en hy hat him noait wer op dy pleats fortoand.