De houn oer de brêge
Oan 'e bûtekant fan in stêd, mar noch wol ûnder de klokslach, moast ris in greate brêge boud wurde. It stedsbistjûr dat de opdracht forjoech kaem rojael út 'e hoeke, mar it makke in pear minne kondysjes: de oannimmer, of boumaster, moast op 'e stelde tiid de brêge klear hawwe. Slagge him dat net, dan moast er foar elke dei dat er oer de tiid wie, twahûndert en fyftich goune bitelje. Boppedat forspile er de helte fan 'e oannimmingssom - de earste helte barde er as er de brêge op healwei hie. De boumaster dy't de opdracht krije koe, stie efkes yn bistân, mar omdat de tiid lang genôch wie, weage hy it der op.
Lykwols, it roun him allegear tsjin. It waer koe net minder en dat kearde it wurk op; hy krige ek gâns sykte ûnder syn feinten en in soad forrin fan folk, dat doe't de fatale datum oansteande wie, koe er wol sjen, dat er in fjirtjin dagen to let wêze soe mei it opleverjen fan it wurk. Hy koe sa wol útrekkenje, dat hy der mei om 'e hals gong. Hy fitere it folk al wakker oan, mar dat helle net folle út - se koene net hûrder. Op 'e lêste joun siet er, doe't it folk fuort wie, hielendal ridderslein yn 'e boukeet to prakkesearjen. En doe waerd der op 'e doar kloppe. Hy liet dejinge dy't der foar stie yn, hwant it like in hiele mynhear en hy wie tige hoflik yn hâlden en dragen. Hy sei: ‘Ik ha heard, jo moasten dy brêge moarn klear ha’. ‘Ja’, sei de boumaster, ‘mar dat bistiet net’. Hy tocht earst, it is ien fan it stedsbistjûr. ‘Ik sit der raer ta’, forfette er, ‘ja hjir gean ik mei oer de kop; ik ha tofolle tsjinslaggen hawn’. ‘Och’, sei de mynhear, ‘ik wit wol rie. Ik wol jo ek wol helpe, mar - ik ha ien bitingst: hwat moarnier, as de brêge klear is, fan jo it earst oer 'e brêge komt, dat is foar my’. De boumaster seach de mynhear oan. Hy tochte, ik wit net, dit is de man net dêr't ik him niis foar oanseach. It koe fordeald de duvel wol ris wêze. Mar afijn, dat kin my ek neat skele - ik sil wol mei him ôfrekkenje; dêr fyn ik noch wol hwat op. Dat hy gong akkoart mei it bitingst en dêr tekenen se in akte foar.
Doe't de duvel ôfstutsen wie, gong er sitten to prakkesearjen, hoe't er it ha moast. Doe foel syn each op in hazze dy't er krige hie fan ien fan 'e feinten dy't stomme graech streupe mocht. Dy hazze hinge dêr oan 'e muorre to jonkerjen. Hy