It bêste fan it bidriuw
Der wie ris in boer, dy koe gjin feint krije. Op in kear dat er op it lân mei it iene of oare dwaende wie en it wurk mar net eine woe, sei er by himsels: ‘Ik moat der troch, al sil de duvel my helpe!’ De wurden wiene noch net kâld of dêr stie in manspersoan njonken him. Dy sei: ‘Ik wol wol as feint by jo tsjinje’. De boer frege: ‘Kinne jo arbeidzje?’ ‘Dat wol 'k jo fortelle!’ sei de persoan. ‘Dan binne jo oannommen’, sei de boer wer, ‘mar hwat moatte jo fortsjinje?’ Doe sei de frjemdling: ‘Jo hawwe my al oannommen, ear't ik myn lean neamde. Nou sil ik jo myn bitingst sizze - ik wol trije jier lang foar jo arbeidzje, en dan wol ik allinne it bêste fan jou bidriuw hawwe. En dêr kinne jo net mear foarwei, hwant jo hawwe my oannommen’. De boer antwurde: ‘Hwat ik sein ha, dêr stean ik foar. Mar wy moatte earst mar nei hûs to melken’.
Se rounen togearre nei it bûthûs - de kij stiene op 'e stâl. Doe seach de frjemdling yn 'e rounte en sei: ‘Ik help jo, mar fan 't jier moat ik it bêste ha dat de kij jowe’. De boer antwurde: ‘Hwat ik sein ha, dêr stean ik foar’. Doe't se it melken dien hiene, sei de nije feint: ‘Dan sil 'k de molke mar meinimme’. Mar de boer sei: ‘Né, dat is it bêste net dat de kij jowe’. Hy krige in amer, roun op in kou ta dy't krekt de sturt omheech tilde en liet him de amer fol skite. Doe hâldde er de frjemdling (dat de duvel wie) it amerfol kouwestront foar. ‘Is dat it bêste?’ frege de duvel. De boer sei: ‘Ja. Hwant as ik molke oer 't lân jit, dan waekst der neat, mar as ik de stront der oer bring, dan krij ik de bêste fruchten’.
De duvel frege: ‘Hwer bringe jo de dong oer?’ Doe rounen se togearre nei de boer syn boulân. ‘Dan waekst hjir de bêste frucht’, sei de duvel, ‘takomme jier moat ik ha hwat hjir boppe de groun groeit. Ik kom dan wol wer. Mar mei it wurk komt it wol yn oarder, en ik soargje der ek foar dat der omraek hwat waekst’. Doe gong er fuort.
Mar ta de boer syn forbazing hoegde er net to melken. As er yn 't bûthús kaem,