my yn 'e pleats komme, jowe se gjin molke mear’. ‘Nou moatte jo ris harkje’, sei de man, ‘dan haw ik in kou foar jo dy't safolle molke jowt, dat jo oan dat iene bist in bistean hawwe’. Doe sei de boer: ‘Sa'n kou soe 'k wol ha wolle. Hwat moat der foar komme?’ De man sei: ‘Neat. Dy kou krije jo fan my om 'e nocht. Allinne jo moatte om ien ding tinke - alle kearen as jo dy kou melke, moatte jo ien speet yn in molkbus dwaen. En sadré't dy molkbus fol is, kom ik om jou siel to heljen, hwant ik bin de duvel’. De boer sei tsjin him: ‘Dat giet mar oan’.
De kou waerd brocht en hy joech sokke greate mielen as de boer noch noait fan in kou hawn hie. En doe't de duvel nei forrin fan tiid werkaem, om to sjen oft de molkbus al fol wie, doe siet der neat yn. Hy frege: ‘Hwer is de molke dy't jo yn 'e bus dwaen soene?’ De boer antwurde: ‘Ik ha my oan it kontrakt hâlden. Alle mielen komt der speet fan dizze kou yn 'e molkbus’. Doe't de duvel de bus optilde, die it bliken dat de boaijem forrustke wie. Der siet in gat yn en de molke roun der like hurd wer út as se der yn kaem. De boer hat de kou oan 'e ein fan syn dagen ta molken en de duvel hat him noait helle.