De simmertwirre
De duvel foun altyd fan alles út om mar in siel to pakken to krijen. Sa wie der ris in boer mei syn haeifolk oan 't ûngetiidzjen. De moarns keare, it wie sierlik moai stil waer. Doe kaem dêr in ûnbikend persoan yn 't haeilân, dy sei tsjin de boer: ‘Jim binne mar omraek warber’. ‘Ja’, sei de boer, ‘ik wol dit hea joun leafst noch yn 'e reak ha’. ‘Nou’, sei de man, ‘dat rêdde jo der net ôf’. ‘Net?’ sei de boer, ‘ik soe net witte, hwerom net’; hy woe bêst wedzje dat it al koe. ‘Dat giet dan mar oan’, sei de frjemdling, ‘jo krije in grou stik jild fan my (hy neamde de som), as jo it der ôf rêdde, en as it jo net slagget, dan moat ik jou siel ha’. De boer waerd al efkes kjel, hwant doe hie er wol yn 'e rekken, dat er it mei de duvel to krijen hie, mar hy woe der net foar opstrûpe, dat hy naem it oan.
Hy poende it folk goed oan om gjin tiid forlern gean to litten. Mar omdat er it hea moai gau pakte, liet er it yn 'e wurdze stean, dan koe de sinne der noch hwat yn bakke. En as se alle wurdzen klear hiene, soene se it optymje. En doe't it dan oan 't tymjen ta wie, it wie al moai op 'e neidei en noch like prachtich stil waer, doe tochte de boer: Sisoa, hjir kin de duvel de bek oan ôffeije, ik bin him to gau ôf. Mar hy hie it noch net tocht, of dêr kaem in simmertwirre en dy gisele dêr troch de wurdzen hinne, dat it hiele lân siet wer fol hea. Doe wiene se wer like fier as doe't se bigounen. De boer hie skoan foar 't forstân dat de duvel dy simmertwirre op him ôf stjûrd hie. Hy sei: ‘Der op springe, mannen!’ Hy fortelde it haeifolk net, hwat ôfspraek as er hie. Mar doe kaem de boerinne mei kofje en in hap iten yn 't lân en dy frege: ‘Bigjinne jim nou wer to klauwen?’ Ut 'e hûs wei hie se wol sjoen, dat alles al yn 'e wurdze lein hie. De boer fortelde har hwat de reden wie. Doe sei de boerinne: ‘Witste hwatst dochste? Sa gau ast in wurdze klear haste: fuort yn 'e bult. Hwant oars giet er wer, mar as de reak klear is, hat de simmertwirre der gjin pak mear op. Dochst dat net, dan kinst oan 'e gong bliuwe’. Dat de boer time fuort en liet meiïens de reak opmeitsje. It haeifolk sei al: ‘Jo koene it better oars dwaen, boer’, mar dêr woe er neat fan witte.
It wie op 'e snaren, mar doe't de sinne ûndergong, wie de lêste reak opmakke en de duvel hie it neisjen. Hy wie noch wol sa fatsoenlik dat er de boer it stik jild útbitelle dat er him tasein hie, mar hy seach wakkere sneu doe't er him wer ôfjoech.