Sterke tabak
In streuper is yn 'e bosk en der komt ien oan, dy ken er net. Hy stiet it net rjocht, it koe wol in jachtopsjenner wêze. Dy man sprekt him oan en freget noch al stûf oan, sa hjir en dêr nei, mar net nei syn papieren. De man sei: ‘Hwat ding ha jo dêr by jo?’ en hy wiisde nei syn gewear. Doe tochte de streuper al, frjemd! Hwerom freget er dêr sa nei? Dat hy bigoun der sterk oan to twiveljen, oft it de jachtopsjenner wol wie.
De frjemdling frege fierder: ‘Is dat in grouwe piip?’ ‘Ei jonge ja, dat is in grouwe piip’, sei de streuper en hy tochte, ik wit it net - dou koest wol in forkearde kleur op 'e bealich ha. Hy loerde skean nei syn fuotten, en ja, hy hie in hynstepoat. O blikstien, dit is de duvel! Dy moat ik to fiter ha. ‘Ja’, hy seit, ‘en it smookt lekker út sa'n piip’. ‘O ja? Mei ik dan ek ris in lûkje dwaen?’ ‘Mei alle wille’. Mar it gewear wie laden. It wie sa'n âld foarlaed. En it slachhuodtsje der op. Hy sei: ‘Nim de loop mar yn 'e mûle en lûk der mar goed oan, dan fornimme jo it wol’. Dat foarlaed wie oanstampt mei stikken tsjok papier, dy wiene ôfskuord fan blauwe tabakspûden - Takoanis hie se destiids -, sok papier liende him dêr tige ta. De tabakslucht siet der noch oan en de duvel krige der hwat fan yn 'e noas, doe't er de loop tusken de lippen hie en oansûgde. Mar de streuper helle de hoanne oer en dat joech in knal fansels. De duvel krige de stikken fan 'e tabakskladde yn 'e mûle, mei de hagel. ‘Blikstien!’ sei er, ‘dat is al forfúld sterke tabak!’