De boer fandele alle fearren op dy't út de duvel syn hinnen foelen. En doe't er nei syn sin ryk genôch wie, liet er de duvel komme en hy sei: ‘It is my slagge’. De duvel woe him net leauwe. Mar de man hie de boerinne neaken útklaeid, dik yn 'e sjerp set en dêr alle fearren opplakt dy't er fan 'e duvel syn hinnen opgarre hie. De kleur fan dy fearren wie sa, dat de duvel op slach seach, dat se fan syn hinnen wiene. En doe't de boer it hinnehoksdoarke opdie, seach de duvel dêr sa'n greate hin stean dat er tsjin 'e boer sei: ‘Jo binne frij! Dizze hin kin wol in aei lizze, dat hûndert kear sa great is as de hinneaeijen dy't ik jo jown ha’.