De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 321]
| |
noait earder west hie, seach er in mollebultsje omheech kommen en hy raemde syn lepke de groun yn. Yn pleats fan in mol hie er in pear goudstikken op 'e lep en doe't er bigoun to graven, foun er in sekfol goudjild. Hy wist dealse skoan, dat syn wiif in âld rattelgat wie, dy't de mûle noait stilstie. As er har fortelde dat er jild foun hie, wist moarn de hiele heide it en dan wie de bolle los. Hy bidobbe it jild op itselde plak en roun nei hûs. Wylst syn wiif rattele as in losse doarsklink, siet de man mei de fuotten op 'e plaetstove en de holle yn 'e hân by it hurdsté. Hy woe de sinten blikstiense graech yn 'e hûs helje, mar hoe moast er oan mei in frommis dat sa ticht wie as in gatsjepanne? De oare deis gong er by de wyk lâns to snoekstrûpen en tichte by it lân dêr't er de sek mei jild foun hie, skuorde er in almeugend greate snoek op 'e wâl. Hy makke him dea en naem him mei nei it plak dêr't it jild bidobbe lei. Hy die de snoek de bek iepen en treau him fol goudstikken, krekt salang dat de snoek omtrint barstte en de sek leech wie. De snoek lei er yn it gat en hy flijde de sek der as in tekken oerhinne. Hy makke it gat foarsichtich ticht en sette der wer in foech mollebultsje op. Hy gong nei hûs en sei tsjin de frou, dat der gjin snoek yn 'e hiele wyk stien hie en dat er noch mar efkes nei de lymprikken en efter de mollen oan soe. De fûgeltsjes dy't oan 'e lymprikken sieten, sette er ûnder in pear mollebultsjes. Yn 'e skimerjoun kaem er wer thús en sei tsjin syn wiif, dat er nou sokke bjusterbaerlike dingen op 'e heide sjoen hie, it wie net to leauwen: mollen fleagen troch de loft en songen as klysters en de fûgels wiene as mollen oan 't wrotten. De frou liet alles lizze en roun mei, mar se seagen gjin fleanende mollen en de frou bekke noch twa kear sa hurd as oars. Doe't se by de lymprikken kamen, hongen der sawn mollen oan en doe't de man de leppe ûnder de mollebultsjes sette, wipten de fûgeltsjes de loft yn. De frou die neat as bearen, dit wie in wûnder! Se rounen by it ikkerke lâns dêr't de snoek bidobbe wie en doe't de frou it mollebultsje seach yn 'e ljochtmoanne, frege se de man om ek ris sa'n fûgeltsje foar har to fangen. Oars soe gjin minske har leauwe wolle as se dizze wûnders fortelde. Hy stiek de leppe yn 'e groun, mar yn pleats fan in fûgeltsje kaem der in greate snoekekop omheech. De snoek lei ûnder in sek as ûnder in tekkentsje en hy hie de bealich fol goudstikken. Se diene de goudstikken yn 'e sek en rounen op hûs yn. Underweis kamen se by de fjildwachterswente lâns. De fjildwachter klaeide him krekt út. Syn skaed op 'e gerdinen like wol to dounsjen, doe't er it spul oer 'e holle loek. De frou bigoun to laitsjen, mar de man skuorde har mei en sei, de fjildwachter wie wer mei de duvel oan 't wrakseljen. Dy sprong him op 'e rêch en de fjildwachter bisocht om him ôf to skodzjen. De oare deis ieten se de snoek op. De man hie syn frou hurd oplein om der net oer to praten, mar sa gau as se in buorwiif seach, koe se it net mear foar har hâlde, de mûle gong has as in lazerusklep: in hiele berch jild hiene se foun! It nijs roun, lyk as de man forwachte hie, as diggelfjûr oer de heide. It duorre net lang doe waerd it de boargemaster ek al oerkrante en hy kaem del mei de fjildwachter. De man siet krekt foar de doar en slipe syn lepke en de frou fuorre de hinnen. De boargemaster frege, hwer't de sinten wiene dy't se foun hiene. De man seach him forheard oan en sei: ‘Sinten foun, boargemaster? Hoe soe ik hjir | |
[pagina 322]
| |
de lep sitte to slypjen, as ik sinten foun hie?’ De boargemaster sei, dat syn eigen frou it forteld hie. De man skodholle: ‘It is hwat, boargemaster! It doogde al in hiel set net mear, mar nou bigjint it har hielendal troch to rinnen. Ik sil har roppe - jo moatte mar ris mei har prate’. De frou, nijsgjirrich as in hin mei in glêzen gat, wie al tichter by kommen en doe hearde se hwat har keardel sei. Breinroer raesde se: ‘Nou fortel ik de wierheit! Boargemaster, it wie op dy joune dat de mollen tsjin 'e lymprikken fleagen en de fûgeltsjes ûnder de mollebulten krûpten. Wy binne noch by de fjildwachter lâns kommen en dy bisocht krekt om de duvel oer syn holle to skuorren. Wy hawwe doe ûnder in mollebult in snoek fongen dy't dêr to sliepen lei en dy hie de bealich fol goud sitten’. De boargemaster seach de frou oan, hy kloppe har sêftkes op 't skouder en sei: ‘Ik hear wol, frou, dat jo de wierheit sizze en dat jou man stiet to ligen. Omdat jo sa earlik binne, meije jo de sinten hâlde dy't de sliepende snoek yn 'e bealich hie’. Doe't boargemaster en fjildwachter ôfstutsen wiene, sei de frou: ‘De boargemaster leaut my en nou meije wy de sinten hâlde. Sjochst wol, dat men mei de wierheit altyd it fierst komt?’ |
|