Flecht op 'e koai
Petrus biwekke de himelpoarte, mar op in kear moast er bislist in dei fuort. Lykwols, hy koe der samar net by wei rinne, dat hy sei tsjin Johannes: ‘Soestou moarn myn plak net ynnimme kinne? Moarntojoun bin ik fêst werom’. Johannes sei: ‘Dat sil ik wol waernimme - dat komt wol klear, sit der mar net oer yn’. ‘Né, mar tink der om’, sei Petrus, doe't er Johannes de kaeijen oerlange, ‘lit der gjinien yn dy't dat net takomt, hwant dan sitte wy der mei’. ‘Né’, sei Johannes, ‘mar dou hoechst net sa skerp út to fallen’ - Johannes wie hwat sêfter en gemoedliker. Petrus sette fan wâl, Johannes winske him goeije reis en stie by de himelpoarte.
Dy deis kaem der gâns oanrin, en it moast al tafallich sa treffe: it wiene omtrint allegear dominy's. Johannes seach it har sa wol oan. ‘Soa’, sei er dan wer, ‘binne jo ek dominy?’ Ja, ja - de man hie dêr en dêr stien. ‘Moai, moai!’ sei Johannes, ‘der mar yn’. Hy liet se allegear ta, hwant hy tocht: in dominy, dat is wol klear. Hy gong de boel net ienris nei en frege net nei passen en sok ark.
De jouns kaem Petrus wer thús. ‘Hat der hwat flecht op 'e koai west?’ frege er. ‘Ja, gâns’, sei Johannes, ‘gâns! En it is typysk - ik wit net, oft it mei dy ek sa is - mar it wie ien stik dominy's’. Petrus sei: ‘Dou hast se wol kontrolleard fansels?’ ‘Kontrolleard?’ sei Johannes, ‘it wiene doch dominy's! Dat is wol bitroud, tocht ik’. ‘Och, myn goede jonge!’ sei Petrus. Hy bisaude: ‘Nou binne wy yn 'e pronk, dat siz ik dy! Ik wit net, hoe't wy hjir mei oan moatte. Dit wiist goed mâl!’ Mar doe kaem Petrus hwat yn 't sin. Hy sei: ‘Ik wit noch ien middel!’ En hy liet op slach omroppe troch de sealen: ‘Terbant fakant! Terbant fakant!’ Terbant wie de rykste gemeente yn Fryslân en it dominystraktemint wie der tige heech.
Ja, dêr kamen se oan, in hiele kloft dominy's. ‘Moai sa!’ sei Petrus by himsels, ‘allegearre der mar út. Jimme mar nei Terbant’. En hy draeide de poarte efter har yn 't slot.