Kouwebril en hoanneklompkes
Der wenne ris in feint by in boer dy't it measte net fortsjinje liet. De jongkeardel hie al in skoft forkearing, hy woe wol trouwe, mar se hiene noch to min jild om hússittende wurde to kinnen. Dy boer hie in koubist dat omtrint blyn wie. It wie fierders in skoane kou en hy joech in amerfol molke, mar hy wie net fortroud mear yn 't lân. Dat de boer sei: ‘It bigreatet my gâns, mar dan moat er mar dea’. De feint hie goed de sliep út. Hy sei: ‘Ei boer, dat moatte jo noait dwaen. Der binne tsjintwurdich kouwebrillen. Jo sette him sa'n bril op en hy sjocht wer’. De boer hie der noait fan heard, mar de feint sei: ‘Ik wit leau 'k in adres. As jo my freed sinten meijowe foar in bril en in buorrel, dan kom ik mei in kouwebril thús. As se tominsten net útforkocht binne, hwant der is langer in bult fraech nei’. Hy krige ryklik jild mei, hwant hy sei: ‘Ik wit net krekt hwat dy dingen kostje’.
To Ljouwert socht er in greate winkel op en hy sei: ‘Ja sjoch, ik sit mei in lêstich gefal. Ik bin hwat brek, dat ha jim grif net’. ‘Hou, hou!’ sei de forkeaper, ‘wy hawwe hjir feitlik alles’. Doe sei de feint: ‘Ik doar wol mei jo wedzje, dat jo it net hawwe’. ‘Ik wol bêst mei jo wedzje’, sei de forkeaper. ‘Hwat sil der tusken?’ frege de feint. ‘Hûndert goune!’ ‘It giet oan’. Doe sei de forkeaper: ‘Siz jou boadskip mar’. Hy sei: ‘Ik moat in kouwebril hawwe’. Doe forskeat de forkeaper al hwat fan kleur. Hy sei: ‘Jo ha 't earlik woun, hwant sa'n ding ha wy net’. De feint barde syn hûndert goune en soe fuort. Mar doe skeat de forkeaper hwat yn 't sin. Hwant hy tocht, blikstiender, hoe komt dat mei dy hûndert goune - dy moat ik aensen forantwurdzje. Hy sei: ‘Nou wit ik al ien, dy hat kouwebrillen’, en hy forwiisde de feint nei in winkel yn 't Nau. ‘Gean dêr mar hinne’.
De feint sette ôf. Mar de forkeaper belle as de blikstiender de keapman op, dy't op dat adres yn 't Nau wenne. Hy sei: ‘Soargje sa gau mooglik, dat jo in kouwebril krije. Gûchelje mar hwat yninoar fan kramtried en in pear stikjes mika of glês der foar’. Hy wist wol dat dy man o sa handich yn 't binifeljen fan it ien of 't oar wie. ‘Siz mar: Dit is de nijste kouwebril. Mar jo moatte der om tinke dat jo mei dy man wedzje om hûndert ryksdaelders’. Hy lei him de kaert út. Se soene togearre parte. Dan wie hy der noch fiifentweintich goune better fan wurden en de oare hûndertfiifentweintich.
It duorre net lang of dêr stapte de feint de winkel yn 't Nau binnen. Hy sei tsjin 'e keapman: ‘Ja, nou is 't al in boel. Ik bin hjir hinne stjûrd, mar ik wit foarút wol, dat jo net hawwe hwat ik brek bin. Sa great is jou winkel net’. ‘Hou-hou!’ sei de keapman, ‘ik doar mei jo wedzje, dat wy it hawwe, der is by ús gjin né to keap’. ‘Hwat sette jo der tusken?’ frege de feint. ‘Hûndert ryksdaelders’. ‘En dat giet oan!’