Deftige brieven
In boer wie efkes foar maeije de feint kwytrekke. Hy frege in nijen yn 'e krante en wie al lang bliid doe't dêr in fikse feardige fint op kaem, dy't alle boerewurk forstie. Hy hie hwat in hearich uterlik en wie tige fatsoenlik yn manieren en praet. Oer himsels liet er net folle út; hy woe net iens sizze hwer't er wei kaem of by hwat foar boeren as er earder wenne hie. Hy hie alle jierren in oare tsjinst, sei er; dan learde men it measte. Oer it lean waerden se it gau iens. Hy hoegde it measte net to fortsjinjen en dat die de boer wol hwat nij.
Hy is goed yn syn wurk, mar in gewoane boerefeint is 't net, ornearren boer en boerinne allebeide. En hy krige al gau brieven. Djûr papier, en tichtmakke mei laksegels, dêr't in wapen yn stie. ‘Hy is grif fan heger komôf’, seine se. En doe't de feint geregeldwei sokke deftige brieven krige, koe de boer him op in joun net langer stilhâlde. ‘Hwa bist nou eigentlik?’ Nou, hy sei op 't lêst: ‘Ik sil 't jim mar sizze. Ik bin hjir om it buorkjen to learen. Dêrom foroarje ik ek alle jierren fan plak. Ik wol op en top boer wurde, sjoch. Us folk woe ha, ik soe op stúdzje, mar dat lake my net oan. Dat sadwaende’. Mar hy sei noch net, hwer't er wei kaem. Se bigriepen hast, dat er fan adel wie. Hy krige njonkelytsen hwat in oare bihanneling as in sljochtwei boerefeint, mar dêr makke er gjin misbrûk fan. It wie in gesellige prater; se waerden hwat langer hwat eigener mei him.
It bigoun tsjin allerheljen, de hierbitellerstiid, to rinnen, dat der wie jild yn 'e hûs. Doe krige de feint wer sa'n deftige brief, oan alle kanten tichtlakt. ‘Dou hast mar wer in moaije brief krige’, sei de boer, wylst de feint by de tafel siet to lêzen. ‘Ja’, sei dy, ‘mar dêr bin 'k net iens sa botte wiis mei. Us heit skriuwt my, ik moat yn 'e stêd in pear rydhynders foar him keapje. Hy sil letter it jild wol oerstjûre. Mar dêr giet gjin hynstekeapman op yn - sa goed ken ik de hannel wol’. ‘Né’, sei de boer, ‘dêr hast gelyk oan’. Hy siet efkes to prakkesearen. ‘Hoefolle soest brûke moatte en foar hoe lang?’ ‘Net langer as in dei of fjouwer; dan moat ik mar ris in dei frij ha om nei hûs en sjoch hoe't de hynders it meitsje’. ‘Nou’, sei de boer, ‘ik ha wol hwat jild yn 'e hûs’. ‘Mei twatûzen goune kin ik it wol bisjen. Heger wol 'k