De man dy't noait liigde
Der moat in man op 'e heide wenne ha, dy't der foar bikend stie dat er noait lige soe. Der waerd ek wol sein, dat er gâns jild hie en doe wie der ris in stel rovers op 'e heide dy seine tsjin elkoar: ‘Dit is de muoite wurdich. Wy hoege net iens yn to brekken by dy keardel. Wy kinne gewoan hinnegean en freegje him hwer't er syn jild hat’. Se hellen him yn 't holst fan 'e nacht fan 't bêd en fregen: ‘Hwer is jou kaptael?’ De man die de earms omheech en sei: ‘Jimme meije sykje hwer't jim wolle, hwant it iennige kaptael dat ik bisit, ha 'k oan 'e kont hingjen’. De rovers sochten it hiele hûs troch, mar se founen gjin sint, dat op 't lêst joegen se har mar wer ôf. Doe't se de doar efter har tichtlutsen hiene, liet de man de broek sakje en helle de pong mei jild tusken syn skonken wei.