Dat sei de houn
Der wie in lytse keapman, to minsten in reisber man, mei syn houn ûnderweis en doe liet er him binachtsje yn in iensume oarde, dêr't in reed del mar ien boerepleats stie. Hy woe sjen oft er dêr ûnderdak krije koe en soe folk roppe, mar de doar siet op slot. Doe kloppe er en op 't lêst waerden de skoattels der ôf strutsen, de doar gong iepen en dêr stie de boerinne. Hy frege fatsoenlik, oft er hjir sliepe koe, mar de frou sei hounsk: ‘Né, ik wol hjir perfoarst gjin sliepers ha’. ‘O, dan giet it oer’, sei er, mar hy frege noch al om in byt iten. ‘Gjin sprake fan’, sei it minske en sloech him de doar foar de noas ticht, hy hearde har de skoattels der wer foar striken. In raer spul, tocht er. Hy soe fuort, mar doe seach er hwat ljocht troch de hartsjes boppe yn 'e blinen foar de keamersfinsters skinen. Hy kipe efkes troch ien fan dy hartsjes en doe seach er in mynhear by de tafel sitten mei in lange pipe yn 'e hân en in romerfol wyn foar him. Dy ken ik, tocht de man. Dit is de boer net, mar syn lânhearre, as 't my net mist. Ik wit net, dit spul koe wol luzen ha. In greate taert en oar lekker itenspul stie klear en dêr soene se togearre oer gear. Doe rint de keapman fluch nei de doar, rammelt der oan, en stiet sa mei-ien ek wer foar it hartsje to koekeloeren. Dat joech dêr in hiele opskuor yn 'e keamer. ‘Blikslager, de boer komt thús!’ hearde er de frou roppen. Doe waerden de wynflessen ûnder it kessen yn 't bedsteed treaun, de skael mei de taert kaem yn 'e turfbak, it oare iten waerd ek út 'e wei burgen en de lange pipe yn 'e skoarstien ophinge. Der stie in greate ikene tekkenkiste en dêr skeat de lânhearre yn. Mar de reizger gong net wer nei de doar ta, syn hjerring brette dêr doch net.
Hy wie krekt wer op 'e reed, doe kaem er de boer tomjitte. Dy hie fuort sillen, mar de lju dêr't er hinne soe hiene net thús west. ‘Hwat moatte jo hjir?’ Hy sei: ‘Ik woe hjir fan nacht wol yn 't hea sliepe, mar de boerinne hat my fuortstjûrd’. ‘O’, sei de boer, ‘dat is ek hwat mei dit kâlde suterige waer. Hwer wolle jo nou op oan?’ ‘Dat wit ik net’, sei de man, ‘it is hjir pûr op 'e romte en iten is hjir ek nearne to keap’. ‘Dit kin sa net’, sei de boer, ‘der sil by ús altyd noch wol in stute wêze, en yn 't hea is wol plak foar jo en de houn beide. Kom mar mei yn 'e hûs’. De boer rammele oan 'e doar en rôp, dat hy it wie. De skoattels waerden dêr óf strutsen en de boer mei de reizger en syn houn kamen der yn. De boer sei tsjin 'e boerinne: ‘Set ris hwat op 'e tafel, ju! Dizze man hat noch neat hawn’. De boerinne seach de reizger gleon oan en sei noartsk: ‘Ik ha neat yn 'e hûs. Lit him fuort mar yn 'e skuorre gean’. ‘Mar dat kin net!’ sei de boer, ‘dy man hat noch neat hawn’. Se antwurde: ‘Dêr't net is, forliest de keizer syn rjocht’.
Doe sei de reizger tsjin syn houn: ‘Dit stiet der net to bêst foar, jonge! Wy moatte foarby’. Mar ta greate forheardens fan 'e boer antwurde de houn: ‘Mar hjir is wol hwat yn 'e hûs. Dy turfbak dêr sit hwat yn!’ De reizger koe bûksprekke, mar dat hie de boer net troch. ‘Hwatte!’ rôp er, ‘praet dy houn? Mar dy turfbak sit neat yn, hear houn! Ja turf’. ‘Hwat der yn sit is de muoite wol wurdich’, joech de houn ta biskie. ‘Dan moat ik doch mar ris sjen’, sei de boer, ‘dit is sa'n frjemd forhael!’ En doe kaem dêr dy greate taert út 'e turfbak. De boer krige fuort it mes en feegde der yn, sels de houn krige syn part. ‘Hast ek kofje, frou?’ rôp de boer oan 'e boerinne. ‘Né, ik ha gjin kofje’, graude se en se sette in gesicht as in ûle. ‘Dat is ek hwat’, sei de boer, ‘dan sille wy wol droechskuorje moatte’. ‘Nou’, sei de reizger, ‘ik sil de