fan witte. En ienkear doe't er by de preekstoel op moast om dominy in briefke to bringen seach er it fleske stean. Doe't de preek út wie, frege er dominy drystwei: ‘Ik ha sjoen dat jo út in fleske dronken. Sit dêr hwat bisûnders yn?’ Dominy waerd al hwat kjel, en mei't him oars sa gau net hwat yn 't sin skeat, sei er: ‘Ja, dat is hillich wetter. Foar de preek nim ik dêr altyd in slokje fan, dan komt de geast oer my en dan kin 'k better prate’.
En op in kear, dat de koster allinne yn 'e tsjerke wie, seach er dat fleske stean - miskien hie dominy it forgetten. Hy tocht, der moat ik doch efkes fan priuwe. Hy naem in slokje en it smakke mar skoan, dat hy dronk it hielendal leech en sette it op itselde plak wer del. Mar doe't er wer oer de tsjerke stie, siet dat hillige wetter him boppe yn 'e holle en doe't dominy der efkes letter yn kaem, lei de koster op 'e knibbels foar de preekstoel mei de hannen gear en de holle djip foardel. Doe seach dominy, hy is yn gebed forsonken. Hy gong efter him stean en doe't de koster útbidden wie, lei er him de hân op 't skouder. ‘Man, man’, sei er, ‘hwer is dit oan to tankjen, dat jo sa staf en af bikeard binne?’ ‘Dominy’, sei de koster, ‘dat docht it hillich wetter - jo kinne der fan preekje en ik bidde’.