Nou blykte dat in molkrider to wêzen, dy't de moarns al withoebitiid by de boeren lâns moast om de molke op to heljen. En dy sjocht de beppe dêr op 'e tille stean. Hy seit: ‘Minske, gean ris efkes hwat oan 'e kant, hwant ik moat der lâns!’ Mar beppe jowt gjin azem fansels en forroert har net iens, dat de molkrider wurdt al hwat nitelich. Hy seit: ‘Toe minske, gean nou fan dy brêge ôf, ik moat der lâns! Ik moat avenseare, hwant myn molke moat op 'e tiid oan 't fabryk wêze!’ Mar beppe forroert gjin fin. Op 't lêst wurdt dy fuorman sa lilk, dat hy seit: ‘Minske, as jo der nou net wei geane, dan riid ik jo der wei!’ Mar it minske bliuwt stokstiif stean en de fuorman ropt tsjin it hynder fan ‘fuort’. It hynder set ta en pompt beppe ûndersteboppest. En dan komt Lytse Oege foar 't ljocht en seit: ‘Hé! Dou hast ús beppe deariden, dat is net sa moai! Dêr silste foar bliede’. ‘Ja’, seit de molkrider, ‘ik koe der neat oan dwaen - it minske woe net oan 'e kant gean. It is my bot yn 'e wei en ik wol leafst net yn 't tichthús. Kinne wy dit net stilhâlde?’ Nou, Lytse Oege seit: ‘Dat is bêst. Mar foar hwat heart hwat. Dan silst in moai dofke jild ôfskouwe moatte’. Nou, dat wol dy molkrider wol en hyjowt Lytse Oege in knap stik jild.
Yn 'e buorren komt Lytse Oege Greate Oege tsjin en dy seit: ‘Hea, hwat is dit! Libbestou noch?’ ‘Ja’, seit Lytse Oege, ‘hoestou dat fannacht hawn hast, wit ik net, mar ik libje noch as in hart, dat sjochst wol. En ik ha in moai protsje jild bard, hwant ik ha myn beppe forkocht’. Hoe koe dat, woe Greate Oege witte. ‘Sjoch, âlde beppen binne op 't heden tige prizich’, fornijde Lytse Oege. ‘Nou’, sei Greate Oege, ‘ik ha noch twa beppen - dan moast ik dy mar forkeapje, ik kin wol jild brûke’. ‘Wel, dat soe 'k mar bisykje’, seit Lytse Oege. Dat Greate Oege giet nei syn beppen ta en hy seit: ‘Meikomme, hwant ik wol jim forkeapje!’ Hy krijt in skoukarre en dêr leit er syn beide beppen op, in great kleed der oerhinne, en hy rydt nei de stêd. Dêr ropt er wakker fan: ‘Alde beppen to keap! Alde beppen to keap! Alde beppen to keap!’ Mar der is gjin minske dy't der bilang by hat. Ja, op 't lêst komt der in polysjeman op ta en dy seit: ‘Hé, hwat is dit hjir mei dyn “âlde beppen to keap!” “Ja”, seit Greate Oege, 'ik wol myn beppen forkeapje en dy lizze hjir yn 'e karre. Se binne op 't stuit moai prizich. Dy't der it measte foar biedt kin se krije’. Nou, dy polysje loert al ris ûnder it kleed en ja, dêr lizze Greate Oege syn âlde beppen. De polysjeman seit: ‘Dit is in wûnder spul. Dou kinst doch samar gjin âlde minsken forkeapje. Dou moatst mar ris mei nei de rjochter; dan sille wy ris sjen hwat dy der fan seit’. Sa forskynt Greate Oege foar de rjochter en dy is fansels net bêst to sprekken en sadwaende komt Greate Oege yn 't tichthús to lânne.