De beide oare tsjillen
Der wie ris in boer dy hie lêst fan syn iene knibbel. Hy hie der al mei mastere by in dokter, en ek by in boerke, mar gjin baet foun. Doe seine guon tsjin him: ‘Hjir to Snits wennet in wûnderdokter, dat is alhiel in merakel. Hwat oaren net kinne, dat genêst hy’. De boer nimt de reis oan en fynt it adres. De frou komt foar. ‘Is de wûnderdokter ek thús?’ ‘Né’, sei de frou, ‘hy is krekt efkes fan hûs, mar hy is hjir sa wer. Ik soe sizze, kom der mar yn’. Se lit him yn in foech keammerke en freget: ‘Ha jo skeel?’ ‘Ja’, seit hy, ‘ik ha sa'n lêst fan myn knibbel. Ik kin hast net mear út it sté, foaral ûnder de kou wei kin 'k hast net mear oereinkomme’. Hawar, sa ûngemurken lottert se him út en docht er it hiele forhael, hoe't er oan dat skeel kommen is.
Mar de wûnderdokter sels wie wol thús en harke foar in lûkje alles ôf hwat de boer syn frou fortelde. Doe't er genôch wist, glûpte er stikem ta de efterdoar út en in strjitte op. Efkes letter wiisde de frou: ‘Sjoch, dêr komt er de dyk del rinnen!’
De wûnderdokter komt der yn en stekt dalik fan wâl: ‘Ha jo jou wetter meinommen?’ Ja, dy fraech hie er op rekkene, hy lange it fleske oer. De wûnderdokter hâldt it fóár 't ljocht en hy hâldt it fán 't ljocht. ‘Ik sjoch it al’, seit er, ‘jo ha lêst mei de knibbel’. ‘Sa is 't’, antwurdet de boer, ‘dat jo dat sa mar sjogge!’ ‘En it is ek moai slim’, seit de wûnderdokter, ‘jo ha in ûngemak hawn mei 't reau’. ‘Sjogge jo dat der allegear yn?’ ‘Ja, by in brêge del soene jo hast yn 'e feart bilânne wêze, jo binne op it nipperke ûntkomd. Mar jo ha de wite peal noch krekt rekke’. ‘Der sit wol hwat yn jins wetter’, sei de boer. ‘Gjin krupsje dy't der net yn sit’, stimde de wûnderdokter mei, ‘mar der is by jo wol hwat oan to dwaen. Wy ha der in salve foar’. ‘Ik kin der net oer út!’ sei de boer ûnnoazelwei, ‘mar kinne jo ek sjen, hokfoar soarte rydtúch it wie, ien op twa tsjillen of ien op fjouwer tsjillen?’ ‘Ien op twa tsjillen’. ‘Dan lige jo gâns’, sei de boer, ‘hwant it wie ien op fjouwer tsjillen’. De wûnderdokter seach him strang oan: ‘Mar nou earlik! Ha jo my jou hiele miel jown?’ ‘Né’, sei de boer, ‘ryklik de helte, myn moarnsmiel kin lang net yn sa'n fleske’. ‘Nou’, sei de wûnderdokter, ‘dan sitte der noch twa tsjillen yn it oare heale miel’.