De snoade turfskipper
Der kaem ris in skipper fan 't Blauforlaet mei in fracht baelders yn in boeredoarpke op 'e Klaei. Hy gong der mei de turfkarre op út en sa bilânne er ek op in greate pleats. Hy trof de boerinne yn 't bûthús. It wie in minske mei in pear gleone eachjes yn 'e holle en se hie de mûle taknypt as in droege prûm. De skipper moast earst mar ris in pear baelders toane en dan woe se ek noch wol efkes ien yn 'e kachel hawwe om to sjen, oft de jiske goed wie, oft er net sûr stonk en oft er goed trochbrânde foar in koaltsje yn 'e stove. De skipper brocht har twa baelders, en hy mocht salang wol op 'e reinwettersbak sitten gean en as er toarst hie, koe er wol in lidfol sûpe nimme út 'e bus yn it keallehok. De skipper wachte rêstich oant de boerinne har biwisse hie dat se gjin miskeap dwaen soe. Nou, hy moast mar hûndert baelders yn 't hok bringe, mar de priis tinge se noch al hwat ôf.
Doe't er mei it earste kuorfol baelders by 't turfhok kaem, stie de boerinne him omtrint op 'e hakken, om to sjen oft alles wol hân foar foet gong. Der koene ris brjitten tusken sitte en men koe mar rekkenje dat men gjin tal krige, as men der net op 'e noas by stie. ‘Jo moatte mar lûdop telle’, sei de boerinne, ‘dan kinne wy allebeide sjen en hearre hwat jo dogge’. De skipper knibbele foar it hok en bigoun to baeldertellen: ‘Ien, twa, trije, fjouwer, fiif’, en sa fierder.
Doe't er oan acht ta wie, loerde der in jonge om 'e hoeke fan it turfhok. De skipper joech de hannen efkes lins en sei: ‘Hwat in kreaze jonge - is dat jou soantsje?’ ‘Ja’, sei de boerinne. ‘Dat kin men wol sjen’, bearde de skipper, ‘en it wurdt in beam fan in keardel. Hoe âld is er, as ik freegje mei?’ ‘Tolve jier’, sei de boerinne. ‘Jonge, jonge!’, sei de skipper, ‘tolve jier, je soene sizze, dat er al folle âlder wie. It is net to leauwen - tolve jier. Sa'n klant fan in jonge noch mar tolve!’. Hy pakte wer in baelder en telde fierder: ‘Tolve, trettjin, fjirtjin, fyftjin, sechstjin, sawntjin...’ Hy seach de boerinne oan en frege: ‘Is dit jou âldste, of hawwe jo der noch guon boppe?’ ‘Dit is myn jongste’, sei de boerinne, ‘myn âldste soan is krekt ienentweintich wurden’. ‘Dêr hawwe jo dan al steun oan, soe ik tinke’, sei de skipper, ‘dat is de moaiste âlderdom yn in minskelibben. Ienentweintich...’ Hy gong wer fierder mei baeldertellen: ‘Twa-entweintich, trije-entweintich’, en sa fierder. By seisentweintich hie er de koer leech en helle er in oar kuorfol.
De boerinne roun mei nei de karre en de skipper sei freonlik: ‘Myn âldste is in fanke. Se is troud en se farre ek. Se is nou tritich wurden. Dan stiet men noch foar it libben en men hat de wysheit ek. In hiele moaije âldens, tritich...’ Doe't er wer foar it hok op 'e knibbels lei, sette er yn mei: ‘Tritich, ienentritich, twa-entritich ...’ By seisentritich seach de skipper de boerinne fol oan en sei: ‘Ik kin hast net leauwe, boerinne, dat jo al sokke greate bern hawwe - jo sjogge der bislist net nei út. Mei ik witte, hoe âld as josels binne?’ De frou glimke en krige reade wankjes fan plezier. Se sei: ‘Ik bin krekt njoggenentritich wurden. Noch mar krekt, hear!’ De skipper sloech de eagen omheech en de hannen ynelkoar: ‘Gjin minske dy't it jo oansjen soe. Njoggenentritich, sizze jo! Dat is ûnbigryplik! Njoggenentritich...’ Skodholjend telde er fierder: ‘Njoggenentritich, fjirtich...’ By fiifenfjirtich hâldde er efkes yn en sei hwat mismoedich: ‘En dan to bitinken dat ik sels al njoggenenfjirtich bin. Mear as in heal minskelibben. Mar oan my kinne jo it wol sjen, wier of net! Oan my sjogge jo it wol. Njoggenenfjirtich!’ Hy sette wer yn: ‘Njoggenenfjir-