koart oanboun. Hy sei moai foars: ‘Dou krijst sawn dagen de tiid en ast it dan noch net witste, hingje we dy op oan 'e heechste beam, hwant dan bist in oplichter’.
De dokter, of skuonmakker, rekke nei hûs, neat net moedich. Syn frou sei: ‘Dêr hast it al! Nou sitst mei de brette parren’. Hy sei: ‘Wy moatte mar op bêd’. Mar hy krige net in wink yn 'e eagen dy nachts. Hy der wer ôf en mar yn 'e hûs om spane. Mar ien fan 'e rovers wie dêr hinne gongen om de boel ris troch 't gat to sjen, hwant har haedman hie sein: ‘Wy moatte der al fan op 'e hichte sjen to kommen, oft dy keardel dat nou sikerwier ek útfine kin of net’. De rover gong mei it ear oan 'e doar lizzen en doe hearde er de man oars net roppen as: ‘O frou, dêr is al ien fan 'e sawn!’ Hy bidoelde: al ien dei foarby! Mar de rover miende, dat er ien fan 'e sawn rovers bidoelde, en dat wie hysels dan. Dat hy kaem foralterearre thús en rôp it de ploech al yn 'e mjitte: ‘Hy hat my sjoen, minsken! Hy hat my sjoen! It wie roettsjuster en ik stie efter de tichte doar, mar hy hát my sjoen!’ ‘Dêr leau ik neat fan’, sei de haedman, ‘dan moat der mar ien mei, moarn daelk mar’.
En ja, doe wie it wer itselde lietsje, mar doe rôp er oars net as: ‘O frou, dit is al twa fan 'e sawn!’ hwant doe wiene der al twa dagen om. En doe bigounen se doch to twiveljen, en de haedman sei: ‘Der moat noch mar ien mei. Ik wit net oft jim jimsels net hwat wysmeitsje, of dat jim gjin spoeken sjogge’. Dat de oare deis gong der noch wer ien mei, de tredde man, mar doe hearden se him roppen: ‘Dêr ha wy de tredde al!’ En sa gong dat efterinoar. Op 't lêst seine se: ‘Ja, hy hat ús troch. Hy jowt ús noch de tiid. Wy moatte sjen, dat dy skat wer by de kening to plak komt. Dy keardel sjocht alles en wit alles’. Dat se brochten de hiele bút wer to plak.
En ja, de kening joech him in fikse slompe jild. En dat wie net it iennichste gefolch - hy krige ek in namme fan komsa. Fier en hein rekke er forneamd as de dokter dy't alles wist. En dat lei him gjin wynaeijen.