Hwa't haspelhout stelt....
Der wie in kreas jongfaem dêr waerd in feint foreale op dy't it tige skoan dwaen koe. Dy faem stie der foar bikend - ja, hoe komme se der by! - dat se graech spinne mocht en hiel moai jern spoun. Hy tochte, sisoa, dêr ha'k in goede húsfrou oan, ien dy't omraek spinne kin en dêr krekt op is, dat is oars ek in baes yn 't wurk. Hja trouden. Se krige in spinwiele, se krige wolle. Mar al hwat der kaem, gjin jern. Winliken koe se net iens goed spinne. Hy frege al: ‘Hast nóch neat dien?’ ‘Né, ik kin der mar net oer gear komme’. Op 't langelêst waerd er hwat fortrietlik. Hy sei: ‘Nou bigryp ik net datstou noait bigjinst to spinnen. Dou koest it sa, seine de minsken - en nou dochst neat!’ ‘Ja’, sei se, ‘mar de haspel dy't yn dizze spinwiele sit is forroun; ik moat in nijenien ha’. ‘Hoe moat ik dêr oan komme?’ ‘Dy is net to keap. Dou moatst him sels meitsje’. ‘Fan hokfoar hout?’ ‘Haspelhout. Dat is bjirkenhout. Hjir stean wol bjirken yn 'e bosk. Moatst der mar in tsjokke tûke út helje en dêr in haspel út meitsje’. Nou, dat woe er wol dwaen.
De jonge frou koe tige kemeedzjespylje en har stim foroarje, mar dêr wist hy neat fan. Hy sette de bosk yn en klom yn in bjirkebeam. Hy sette de seage yn in gaedlike tûke en dêr hearde er ynienen op in distânsje in swiere, holle stimme, dy like wol út 'e groun to kommen: ‘Hwa't haspelhout stelt dy wurdt binnen de wike ophongen!’ Hy tocht, blikstiender, dit komt forkeard! Hy as de wearlich út 'e beam wei, de ljedder wer op 'e nekke en nei hûs. De jonge frou sei: ‘Dat is dy mar flot ôfgongen’. ‘Né’, sei er, ‘né, né! Mar ik wol nearne mear fan witte; dou bist frij fan spinnen’. Tekst en útliz woe er net jaen en hja stie der net fel op oan. Hja hie de slach woun en hy bleau yn 't geloof dat er in baes wiif bitroud hie. Dat hie er winliken ek wol, mar spinne koe se net.