boer, ‘ik wit rie - skriuw it resept mar op 'e keamersdoar. Wachtsje mar efkes’, en hy roun nei 't bûthús om it kryt. ‘Dan sil de apteker hjir hinne moatte om it resept to lêzen’, ornearre dokter. ‘Né, né, de apteker krijt it resept wol’. ‘Hoe dan?’ ‘Ja, dêr moat ik noch efkes oer prakkesearje. Skriuw mar op - dat sjogge wy letter wol’.
Dokter skreau it resept mei kryt op 'e keamersdoar en de feint stie al wer mei it rydtúch klear om him werom to bringen. Doe sei de boer tsjin 'e lytsfeint: ‘Slaen de âld brune mar foar de plankwein en kom der hjir mei foar de doar’. De boer lichte de keamersdoar út 'e heakken en elk krige him by in ein, foarsichtich, dat se de letters der nearne ôf skaefden. De boer mende en de lytsfeint siet midden op 'e wein en hâldde de doar op 'e kant oerein, dat der neat mei de letters barde, en dêr rieden se efter de feint oan nei de Jouwer.
De lytsfeint bleau by it hynder, de boer stapte nei binnen en frege de apteker: ‘Kinne jo wol in resept lêze dat mei kryt skreaun is?’ ‘Wis kin ik dat! Mar hoe'n resept moatte jo ha?’ ‘Dat sil 'k jo sjen litte. Wy sille it efkes bringe’, en mei roun er ta de doar út en liet him iepen stean. Ien fan 'e froulju soe him efter him tichtdwaen, mar hy sei: ‘Né, dy doar iepenstean litte’. En dêr komme hy en de lytsfeint mei it resept oan toaijen. De apteker en syn personeel stiene krom fan laitsjen. ‘Hwat al in útfining’, sei de apteker. ‘Ja, de wrâld is rûch’, sei de boer, 'en dy't him net rêdde kin is slûch’. Hawar, de boer krige syn guod dalik mei. De doar kaem wer op 'e wein, se namen steandewei in slokje op by Hylkema en doe gong it wer op hûs oan. De boerinne wie ridlik gau wer by de wurken. Dit forhael is my foar wier forteld, mar ik wit net...