De dominy syn miedlân
Der wie ris in dominy dy't tige deun wie en leafst elkenien foar him yn 't spier hie sûnder dat er hoegde to biteljen. Nei har dea soene se der foar bileanne wurde, plichte er to sizzen. Hy soarge dat se goed om him tochten, mar sels tocht er selden om in oar. In ein fan 'e pastorij ôf hie er gâns in hoeke lân lizzen (it wie noch yn 'e tiden dat de dominy's der buorkerij by hiene) en dat lân moast op 'e tiid meand wurde, mar it lean fan in mier bigreate him ta de teannen út.
Doe kaem der ris in jongeftige man oan 'e pastorij, dy frege om hwat iten. Dominy sei: ‘Jo moatte jo skamje, sa'n soun jongkeardel as jo en dy rinne to skoaijen - jo krije neat, mar jo kinne moarn in skoan deihier fortsjinje, as jo dat en dat stik miedlân foar my meane. Mar op ien bitingst - it moat der yn ien dei ôf en oars krije jo neat. Dat haw ik altyd sa’. Dat lêste wie wier, mar oan dy tiid ta wie it noch gjin mier slagge en mean it stik lân yn ien dei. De man oan 'e doar hie dêr ek wol fan heard, mar hy bear de oft er nearne fan wist. Hy sei: ‘Ik moat it lân mar efkes sjen, hwer leit it?’ Hy liet it him bitsjutte en kaem in skoft letter werom. ‘It moat mar oangean’, sei er, ‘ik kin omraek meane - ik leau, dit rêd ik wol op. Mar ik ha ek ien bitingst - ik wol net op 'e hannen sjoen wurde, dêr kin 'k net oer. Ik gean moarnier foar dei en foar dage nei 't lân en jo moatte soargje dat ik op 'e tiid myn wiet en droech krij, en net to min. Oars kin 'k net meane’. Dominy gong akkoart; hy tocht, dan ha 'k noch in guodkeape mier, hwant hy kriget it der doch net yn ien dei ôf. De man sei, hy bigoun altyd yn 't nochteren en sa en sa let moast him syn earste iten brocht wurde. ‘Dat kin wol, ik sil 't jo wol bringe’. ‘Né’, sei de man, ‘dat is tsjin 't akkoart, ik wol jo net op 't lân sjen, hwant ik kin gjin eagen oer 't wurk ha. Jo litte it my mar bringe’. ‘Akkoart’, sei dominy, ‘dan stjûr ik de tsjinstfaem wol’.
De oare moarns moai op 'e tiid kaem de faem yn 't lân mei iten, mar der stie gjin mier to meanen. Se eage alle kanten yn 'e rounte en doe seach se dat er earne oan 'e kant ûnder in pear beamkes lei to sliepen. Se koe him mar krekt wekker krije. ‘Ik tocht dat jo al lang oan 't wurk wiene’, sei se. ‘Fanke, ik soe sizze, fal der ek efkes by del, drink in kop kofje en yt in stik mei’. Dat die de faem en hy makke safolle gekheit mei har, dat it duorre wol in ûre ear't se nei hûs rekke. Doe frege se him: ‘Mar hoe wolst dat nou ha, hwant dou hast noch net in slach meand?’ Hy sei: ‘Dat jowt neat, As dominy dy aensen freget, hoe't it liket, dan seist mar tsjin him: Ik ha noch noait in mier sjoen dy't sa alderôfgryslikst meane kin’. De faem sette nei hûs, de man gong lizzen en foel wer yn 'e sliep.
De middeis tolve ûre dêr wie de faem wer mei iten. Se gong wer by him sitten, se ieten en dronken en leine wer in ûre yn 't gers gekheit to meitsjen. Doe sei se: ‘Mar jonge, dit komt net goed’. Hy sei: ‘Doch mar krekt hwat ik siz. Gean nei de pastorij en siz tsjin dominy: Hy hat it heale lân al meand. It is in duvel, dy keardel, sa hurd meant er’. De faem die dat en sei: ‘Hy meant troch salang as 't ljocht is, dat hy moat joun noch in kear iten ha’. ‘Hawar’, sei dominy, ‘bring him mar wer iten!’ Dat om seis ûre kaem de faem wer. Se foelen der wer by del, se ieten en se dronken, mar hy hie noch noait in slach meand. De faem bearde raer, mar de man sei: ‘Siz mar tsjin dominy dat ik hast oan 'e ein bin en dat ik aensen wol kom’. Hawar, de faem kaem thús en sei tsjin dominy: ‘It is dwers troch alles hinne, sa't dy keardel meane