De nicht dy't lang net by de tiid wie
Destiids mocht men gjin baerch slachtsje sûnder aksyns to biteljen. Sadwaende wie it ek net tastien om mei in baerch, as dy boppe it iene of oare gewicht wie, sûnder in forfiersbiwiis op 'e dyk to kommen. Doe hie in boer foar de slacht in baerch kocht fan in oare boer, en hy wie net fan doel om de aksyns to biteljen. Doe ornearren se: ‘Jonge, wy slachtsje him hjir fuort mar, dan skreaut er yn alle gefallen ûnderweis net’. De keaper wie mei in ticht rydtúch kommen en hy hie de frou by him. Se klaeiden de slachte baerch moai oan, in earizerke op, in kypske der oer hinne en de kielbannen ûnder de snút lâns. In kreas frommiske mocht it net hjitte, mar efter yn 'e donkere kapwein koe it der op troch.
Tafallich waerden se ûnderweis oanhâlden troch twa kommizen en doe sei de boerinne: ‘Ja sjoch, ik woe graech dat jim gjin drokte makken, hwant wy hawwe in nicht fan my by ús yn 'e wein en dy is lang net by de tiid. Wy moatte sjen dat wy sa gau mooglik by dokter komme, ik krij al gjin wurden mear fan har’. It wie kâld waer. Doe sei ien fan 'e kommizen: ‘Jonge, dat bigreatet my om it minske. Ik ha noch in flutsje drank yn 'e bûse. Dêr sil ik har efkes in slok fan ynjaen. Dat forwaermet hwat’. En sa stapte er yn 'e wein. Hy hâldde nicht de flesse foar - hy hie