Frjemde fûgels
In poep hie jierren oanien by deselde boer ûngetide, mar hy waerd âlder en foaral it meanen en it weidloegjen bigoun him dregernôch to wurden. Dêrom bistelde er him yn Drinte as palfrenier by in smoarrike lânhearre, dy't der hwat by hearebuorke. Der waerd him fan alles tasein en hy tocht, dat er in libben ha soe as in lûs op in seare holle, mar dat bitearde oars. Hy krige de hynders en de koetsen allinnich mar út 'e fierte to sjen en hy waerd oan 't mjuksjen en dongkroadzjen set. It iten krige er yn 't bûthús, of as mynhear fuort wie yn 'e koken. As it min waer wie moast er ierappelskile en grientetameitsje foar de kokenfammen.
Op in reinige dei dat er wer yn 'e koken siet, smiet ien fan 'e fammen him in grouwe knyn yn 'e skurte en sei: ‘Stek de hannen ris út 'e mouwen, keardel, en plôkje dy ein foar my. Mar duvelse fluch, hwant wy sitte der op to wachtsjen’. De âld baes bigoun to plôkjen en hy ropte it hier der by boskjes út. De fammen wachten der op dat er lilk wurde soe, mar de mier skodholle forbjustere en preuvele heal yn himsels: ‘De fûgels binne doch wol hiel oars as by ús yn Dútsklân. Ik kin