De opperman
In poep hie it meanen dien yn Fryslân en doe koe er oanslach krije op in kerwei as opperman. Sadwaende skreau er nei hûs: ‘Sa en sa, ik kom fuortdaelk noch net thús, hwant ik bin hjir nou opperman’. Syn wiif sloech de hannen yninoar. Wel, wel! Hwa hie oait tinke kinnen, dat har man dêr yn dat fiere Fryslân sa'n hege post krije soe! Se tocht, dêr moat ik hinne, it lake har tige oan om dêr Frau Obermann to spyljen. Dat se reizge mei de hiele húshâlding, der wie noch al hwat in skare, nei Fryslân, sûnder har kommen oan to kundigjen. Se socht him op op it kerwei en doe seach se dêr de biweging. Elk fan 'e mitselers en de timmerlju kommandearde op him om fan: ‘Bring my dit!’ en ‘Helje my dat!’ en de poep fleach him út 'e naed om se allegearre op har winken to bitsjinjen. It minske seach it in skoftsje oan en doe sette se op him ta en se snúfde fan lilkens: ‘Bist du ein Obermann? Du bist ja ein Untermann!’