De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 298]
| |
De mier sûpte it hiele fleske mei wûnderoalje leech en sette nei it miedlân. It duorre net mâlle lang, doe moast er tige nedich út 'e broek en hy gong yn 'e sleatswâl sitten. Krekt hie er de broek strutsen, doe stoude der in wezeling út 'e rûchte. De mier tocht, gjin wûnder dat ik pine yn 't liif hie, dat ûndier hat my yn 't lichem om sitten to biten. Syn pine yn 't liif gong oer, en doe't er nei de ûngetiid wer thúskaem, fortelde er oan 't wiif hoe't er it by de boer hawn hie mei de wezeling. De frou frege: ‘Hast neitiid noait wer lêst fan sa'n ûndier yn 't liif hawn?’ De mier sei: ‘Dou tinkst doch net dat ik gek bin?’ Hy strûpte de broek del en doe seach syn wiif, dat er in stik hinnegaes foar 't gat boun hie. |
|