De mier en de biggen
In mier kaem ris let yn 'e joun stomdronken út 'e buorren by de pleats. Op it hiem rekke er it paed hielendal bjuster en hy bilânne by de mot yn 't hok. De oare moarns foun de boer him dêr; de mier skamme him ta de teannen út, mar hy wist der neat mear fan hoe't er dêr kommen wie en hwat der foarfallen wie.
Doe't de ûngetiid dien en it de mier syn tiid wie om nei hûs, waerd der ôfpraet dat er it oare jiers werkomme soe. Doe't er in foech jier letter wer op 'e pleats kaem, rounen der tsien jonge biggen by de mot yn 't bargehok. De mier skuorde de eagen wiid iepen; hielendal oerstjûr sei er tsjin de boer: ‘Swij hjiroer! As myn wiif dit to witten komt, formoardet se my!’