De sigaer
Der kaem in poep út Fryslân wer thús. Foar de frou fan syn maet hie er gjin bêst nijs - har man wie fordronken op 'e Tsjûkemar. De frou woe it hoe en het witte en de poep bigoun to fortellen: ‘Der wie net folle gers woeksen yn Fryslân, dat wy rekken hwat to gau sûnder wurk. Wy wiene yn 'e omkriten fan Snits en dêr lei in skûtsje mei turf. Wy rekken mei de skipper oan 'e praet en doe die it bliken, hy koe foar de reis wol in pear man brûke. Sadwaende koene wy noch hwat fortsjinje en wy hiene de kost ta. Wy wiene gjin skipperjen wend, dat wy moasten noch in bult leare. Sadré't wy oan board wiene, bigoun de skipper mei syn oanwizingen. Hy wie as de dea foar bran oan board en it earste dat er ús yndruide wie: In pipe altyd foar de wyn ôf útklopje oan 'e bûtekant fan 't skip en in gleon eintsje sigaer net samar fuortsmite, mar úttraepje!
Flak foar de Tsjûkemar ha wy noch efkes by in boer oan west, dy't it hok fol turf hawwe moast. Kroadzje koene wy wol en doe't it kerwei birêdden wie, krigen wy in romerfol en in bêste sigaer. Der stie gâns wyn en op 'e Tsjûkemar koe jou man net goed mear oer de reek fan 'e sigaer. Hy waerd hwat raer yn 't liif en dêrom smiet er syn sigaer foar de wyn of oer board’.
De poep swijde en siet stil foar him út to sjen.
De frou woe mear witte en sei: ‘Mar jo seine dat er fordronken wie. Hoe kaem dat dan?’
‘Oh ja’, sei de poep, ‘hy woe syn sigaer noch efkes úttraepje’.