In skuor yn 't lân
In hantsjemier hie him op in tiisdei to Snits op 'e poepemerk bisteld by in boer yn 't wetterlân. De oare moarns brocht de boer sels him nei syn miede, dy lei gâns in ein efterút yn 'e pleats. Doe't se to plak wiene en de boer werom soe, frege de poep: ‘Mar hoe kom ik nou wer op 'e pleats?’ ‘Dat is neat allegearre’, sei de boer, ‘sjoch dy kant mar ris út, dêr't dy peal boppe de polderdyk stiet. Rin dêr mar op oan en dan fierder de polderdyk del, dan komme jo fansels by de pleats’. De boer wie noch mar justjes thús, doe kaem de poep der ek al oan fleanen, dweiltrochwiet en ûnder it einekroas. Hy rôp al fan fierrens: ‘Boer, jo moatte gau komme. De peal stiet der noch, mar it lân driuwt fuort - der sit al in skuor yn fan wol fjouwer meter!’ De boer gong mei, en doe blykte de peal - it hie de mêst west fan in laden skûtsje dat efter de polderdyk foar de wâl lein hie - der net mear to wêzen. Doe't it skip fuort foer, wie de mier dwers troch de mole-ie, dy't fjouwer meter breed wie, nei de pleats flein.