wit-hoe-lang, ear't de poep mei 't wurk út ein rekke. De seine moast noch harre wurde, hy moast earst dit en hy moast earst dat. It baernde de boer yn. Hy sei: ‘Sil 't ek hast wurde? Toe poep! Toe poep!’ De poep tocht, ik moat doch mar hwat dwaen; as dy keardel aenst de hakken licht hat, sjogge wy wol wer. De boer trêdde der noch efkes by om, om to sjen oft it ek hwat einde. Ear't er weromgong nei de pleats, sei er: ‘Dou moatst der wol om tinke: ik sil dy yn 'e rekken hâlde en ast net genôch dochste, dan sil 'k dy fiterje!’
Mar doe't de boer by de pleats kaem, hie it ûngetidershynder kolyk en hy rekke om in fédokter to fjilde. Mar dat wist de poep net; dy tocht allinne, fan 'e pleats ôf kin er my doch net sjen en hy meande al gau stadiger, doe liet er de seine falle, hysels foel der ek by del en naem mar ris in slok kofje. Hy iet ek noch in flaubyt en doe joech er him op 'e rêch yn 't gers del. Mar hy lei noch net, of hy hearde út in boskje by de poel wei in stimme: ‘Toe poep! Toe poep!’ Hy stoude oerein en bigoun wer to meanen. En dat gong de hiele dei sa troch. Hy stie noch net stil, of hy hearde: ‘Toe poep!’ Ja, as er mar efkes ien slach minder die, dan wie it: ‘Toe poep!’ Hy sei yn himsels: Dy forflokte boer, it is wol in strieminnen. Hy hâldt jin mar op 'e kuer, mar ik moat doch wol troch ezelje, oars bar ik gjin sint. Dat hy meande, sa't er syn libben lang noch net meand hie. Hwat er oars yn in wike die, dat lei er nou yn in dei del.
Op 'e joune kaem de boer to sjen. Hy sei: ‘Se hiene my forteld datst sa lui wiest datst stonkst, mar ik ha noch noait in poep hawn, dy't sa meande as dou’. ‘Ja, dat wol ik ek wol leauwe’, sei de poep, ‘jo ha nou de hiele dei al efter my oan sitten to jeijen. Ik kin net in hân stillizze, of jo roppe fan ‘Toe poep! Toe poep!’ Jo kinne net alles fan my fergje. Ik kin my wol deameane!’ En ear't de boer hwat werom sizze koe, kaem deselde rop wer by de poel wei. De poep seach de boer oan en rôp: ‘Mar hwa ha jo dêr dan delset, dy't my de gânske dei gjin rêst gunt?’ De boer bigoun to laitsjen, hy naem de poep in eintsje mei de kant op fan de poel. Doe sei er: ‘Klap mar ris yn 'e hannen!’ Dat die de poep en doe fleach der in koekoek út it boskje wei.