Forlet fan tou
Twa hantsjemieren hiene ris forlet fan tou. Hja hiene gjin jild om it to keapjen en praetten ôf, om de klokstouwen út de toer to heljen. Nûmer ien klom yn it tou fan 'e greatste klok en doe't er boppe wie, snijde er it tou boppe syn holle troch. Mar it koe net oars fansels: hy tûmele nei ûnderen.
‘Hwat bist ek dom’, sei syn maet. ‘Dat hiest ommers wol bigripe kind. Ik sil dy wol ris sjen litte hoe't it moat’.
De twadde klom yn it tou fan 'e lytse klok en doe't er boppe wie, snijde er it troch, fuort ûnder syn skonken. Mar dat wie fansels noch minder, hwant nou moast er hingjen bliuwe!