It wetteroargel
Earne yn 't leechlân meanden ris twa poepen by in boer, dat in biis wie. Oan 'e wielswâl stie in mole en de poepen koene der mar gjin doel oer krije, hwatfoar ding as dat wie. Doe sei de boer: ‘Dat is in wetteroargel. Dêr komt prachtige muzyk út, mar it wol allinnich mar spylje, as it earst reind hat en der stiet neitiid in knap stik wyn. Mar ris ôfwachtsje’.
Op in moarntiid bigoun it to reinen dat it easde. Bûtendoar wie net to bankjen en de poepen waerden mei de ûngetiders it fjild út drinzge en founen biskûl yn bûthús en golsteal. Doe kaem it wetteroargel wer to praet. It oare folk wie troch de boer op 'e hichte brocht en dy bearden der ek wakker fan.
Op 'e neidei briek de loft en kaem der in fikse pûst wyn út it westen. Nou waerd it dan tiid om it wetteroargel spylje to litten. Meiïnoar setten se it lân yn en de poepen waerd bitsjut, it wie de baes en krûp yn dat fjouwerkantige gat oan 'e wielskant. Dêr koene se it ynstrumint op in bêsten yn wurking sjen en dêr klonk de muzyk it folste. Dat de twa poepen krûpten yn 'e útskoatsbak en doe't se goed en wol plat op 't liif njonkeninoar leine en de bak fan boppen wer ticht wie, diene de boer syn mannen de fang fan 'e mole en it duorre net lang of de twa poepen seagen in muorre fan wetter foar har oprizen en as wiete sâltsekken brûsden se de wiel yn. Djip wie it net, dat al gau stiene se oefjend en pûstend wer op 'e wâl. Mar doe't alleman har út stie to gnizen, waerden se sa breinroer, dat der wiene deaden fan kommen, as de boer se net mei grou jild delbêdde hie.