Mûlparren
Twa mieren hiene tofolle drank op en de iene moast sa bot laitsje dat de mûle bleau him stiif iepen stean. De oare mier waerd nochteren fan 'e skrik en fleach midden yn 'e nacht nei dokter. Dokter kaem fan 't bêd mei in min sin en frege brimstich hwat dit to bitsjutten hie. Sa goed en sa kwea as it gong lei de mier it gefal út, mar omdat er sa nei drank stonk, rôp de dokter: ‘Ik sil dy twa mûlparren foar him meijaen!’ en hy joech him lofts en rjochts in lawibes tsjin 'e holle oan. De mier foun it in mâl medisyn, mar hy stoude as de reek werom en houde syn maet tsjin 'e kop oan. Troch de klap fleach de kake to plak en de man koe de mûle wer ticht krije. De oare mier roun like hurd wer nei de buorren en skille dokter foar de twadde kear fan 't bêd. Doe't dy by de doar kaem, sei de mier: ‘It medisyn hat tige holpen. Ien wie genôch. Hjir ha jo de oare werom’, en hy sloech de dokter tsjin 'e holle oan dat er sûzebolle.