De hjerring mei poatsjes
In poep hie op in doarp op 'e neidei efkes op 'e merke sjoen. Dêr stie ek in diske mei sâlte hjerrings. De poep kocht ien en dy smakke him skoan, dat foardat er ôf stiek, kocht er noch ien om mei to nimmen nei de pleats. De homeije siet ticht en hy soe der om hinne, mar doe glied him de hjerring út 'e hân. Dat bigreate him slim, dat hy socht - it wie al tsjuster - hwat er sykje koe. Op 't lêst miende er dat er him wer to pakken hie. Nou yt ik him fuort mar op, tocht er, oars reitsje ik him aensen miskien wer kwyt. Doe hearde er, dat de hjerring noch hwat pipe en hy sei: ‘Ja, ast nu liepste of piepste, der an gaiste’. En hy iet him op. Under it iten murk er dat de hjerring ek noch poatsjes krige hie - it wie in kikkert - mar hy gong der troch.