Poepewinsken
Trije poepen mochten ris in winsk dwaen. De earste prakkesearre lang nei. Doe sei er: ‘Immer Speckfett tau drinken!’ Dat wie klear. De twadde moast noch langer prakkesearje, mar op 't lêst hie er it doch bitocht: ‘Immer tau sloapen!’ De tredde siet tige lang en djip nei to tinken en it gesicht bigoun hwat langer hwat fortrietliker to stean, hwant syn maten hiene him alles hwat mar bigearlik wie al foar de noas weiwinske.