De sturt
In poep waerd ris yn 'e iere moarntiid troch de boer it lân yn stjûrd om in hynder op to heljen. It moast noch ljocht wurde, dat hy seach it measte net. En hwat er net wist - yn 'e finne rounen twa brune hynders, ien mei in hiele lange sturt en ien mei in tige koarten. Hy siet yn 't tsjuster efter ien fan 'e hynders oan, mar dat woe him net krije litte troch in frjemde poep. Op 't lêst krige er it yn in herne op 'e sleatswâl doch by de lange sturt. Mar de guds skuorde him los en trobbele it lân yn. De poep der efter oan en yn in oare hoeke fan 't lân krige er him doch to pakken. Hy kaem der mei by de pleats, sloech him foar de wein en ried fuort nei de miede. Mar doe't de dage oer de loft gong, waerden syn eagen great en roun. Hy swaeide de wein en ried wer nei de pleats. De boer hearde de wein ratteljen en kaem him al yn 'e mjitte. ‘Hwat nou?’ ‘O boer, dit is net bêst - ik koe niis it hynder net krije; op 't lêst hie 'k him by de sturt, mar ik haw him de hiele sturt útskuord!’ Hwant de twadde kears hie er it hynder mei de koarte sturt krige.