Net ien spier âlder
Der wie ris in poep, dy kaem alle jierren yn Fryslân to meanen. Hy reizge altyd oer de stêd Grins en kaem dan ek it Reade Weeshús foarby en dêr seach er jier út jier yn de bern yn 'e klaeijing fan it Hûs boartsjen. Op in kear dat er thús by de hurd siet, sei de frou: ‘Dou komst alle simmers yn Fryslân. Se sizze wol, dat de lju dêr sa âld wurde. Is dat sa?’ ‘Nou’, sei er, ‘dat wit ik sa krekt net, mar dou koest wol ris gelyk ha. Hwant as ik nei Fryslân reizgje, dan kom ik altyd troch in stêd, dêr stiet in hiel great hûs en dêr wennet in húshâlding yn mei in sleep bern, it is alderraerst. Dêr kom ik nou al mear as tweintich jier lâns, mar ik ha noait sjoen, dat dy bern yn al dy tweintich jier ien spier âlder wurden binne’.