‘Dat 's rjocht!’
Trije poepen kamen yn Fryslân en doe woene se dan mar Frysk leare. Se praetten ôf, dat se bisykje soene om alle Frysk dat se hearden to ûnthâlden. Se rounen troch Akkrum en dêr kamen se yn 'e buorren in mem mei in famke tsjin en se hearden dat famke tsjin har mem roppen: ‘Sjoch, trije poepen!’ ‘Dat will ik entholl'n!’ sei de earste poep: ‘Sjoch, trije poepen’, en hy oefene him der wakker yn om dat út to sprekken. Se sjaggelen fierder yn poepemars de kant út fan Jirnsum. Op Meskenwier kamen se in boer foarby, dy't yn 'e jister siet to melken. Mar dy kou moast hwat omstean, en doe rôp er: ‘Om kou!’ ‘Dat will 'k entholl'n’, sei de twadde poep: ‘Om kou’, en hy oefene him der wakker yn om dat út to sprekken. Se rounen wer fierder en kamen to Jirnsum yn 'e buorren. Dêr wie in timmerman bûtendoar oan 't wurk en dy seach efkes by de planke lâns dêr't er mei oan 't skaven wie, en hy sei: ‘Dat 's rjocht!’ ‘Dat will 'k entholl'n’, sei de tredde poep: ‘Dat 's rjocht’, en hy oefene him der ek wakker yn om dat út to sprekken. Se rinne wer fierder, Jirnsum yn, en dêr is in hiele opskuor. Der leit in deade man op 'e dyk en dy blykt formoarde to wêzen. Dêr stiet in hiele kloft minsken omhinne en it rjocht is der ek al by en ûnderfreget alleman, oft er ek wit hwa't de moard dien hat. De poepen wurdt itselde frege. Nou, de earste seit: ‘Sjoch, trije poepen!’ ‘Dat is in wonder spul!’ sizze de mannen fan 't rjocht. ‘Hwerom ha jimme dat dien?’ ‘Om kou!’ seit de twadde. ‘Forskriklik, om in kou immen to formoardzjen! Dêr sille jim foar hingje’. ‘Dat 's rjocht!’ seit de tredde. En doe binne se dan ophongen.