It resept
In poep dy't to Toppenhuzen meande krige swolderij oan 'e earm. Op oanrieden fan 'e boer gong er nei in dokter to Snits. Dy biseach de earm en skreau in resept. Dêr moast er mar mei nei it apteek gean. ‘Dat moatte jo yn trije dagen opmeitsje en kom dan mar wer’.
De poep krige yn it apteek in lyts potsje - in glêzen potsje mei salve en dêr siet in stik bargebonge oerhinne om it loftticht ôf to sluten. Trije dagen letter kaem er wer by de dokter. Dy kloppe him op 't skouder en frege: ‘Wel, hoe is 't gien? Koene jo jo der in bytsje mei rêdde?’ Hy sei: ‘Joa, dokter. Dat salfien gong hail best, en dat pottien he'k der ook nog wel deurkriegt, moar dat bloasien, dat war verduveld toai’.