De bynpeal
Trije hantsjemieren holpen de boer, doe't it meanen dien wie, yn 'e haeijinge. Op in kear moasten se nei it hailân to weidloeijen. De iene stiek op, de oare loege en de tredde paste op 't skjinswyljen. De weide kaem der op, al wie it hwat in koarten-ien, mar doe't se him fêstsette soene, die it bliken, se hiene de bynpeal forgetten. De iene poep wie knap oan 'e langte, dat doe ornearren se, dy koe der wol op foar bynpeal. Hy soe de foarbine om 'e ankels ha en de efterbine om 'e hals. As it him mei it delbinen to binaud waerd soe er fluitsje. Mar doe't syn beide maten goed oanskuorden om it spul del to heljen, blaesde de bynpeal ôf, hwant hy koe gjin lûd mear útbringe. ‘Nix bloazen, moar fluit'n!’ seine de twa oaren. Mar se hiene him al smoard.