De wûnderpot
In pear poepen reizgen by in pleats lâns en dêr seagen se in greate pot mei beantsjes op it gielklinkertstrjitsje foar de fjurhutte stean. Hy wie krekt fan it fjûr kommen en buorrele noch hwat nei. Mar hy moast kuolje, hwant de beantsjes moasten sa dêrmei opskept en iten wurde. Mar dat wisten dy poepen net - dy fregen de boerinne: ‘Hoe kin dit, dat dy pot mei beantsjes dêr samar op 'e strjitte stiet to sieden?’ De boerinne sei: ‘Dat is in wûnderpot. As men dêr beantsjes mei wetter yn docht en men set him yn 'e sinne, dan bigjint er fansels to sieden en de beantsjes binne mei gauwens gear’. De poepen seagen inoar oan en tochten allebeide, sa'n panne soe ús tige passe, dan koene wy middeis yn 'e miede mar waerm ite en wy ha neat gjin drokte. Dat se woene wol in bod dwaen. Nou, de boerinne hâldde fan in grapke en forkocht har de panne foar in licht pryske. Dat de oare moarns rekke de pot mei nei 't miedlân en doe't de sinne heech genôch oan 'e loft stie, diene se de beantsjes en it wetter der yn; dan koe 't mar oangean. Se meanden in stryktocht en doe sette de iene al efkes nei de panne, mar hy kaem al gau werom, hwant der wie noch neat gjin libben yn 'e pot. Mar efkes geduld dwaen, ornearre syn maet - miskien wiene se wol to hastich. Se meanden wer in stryktocht, mar doe wie der noch likemin hwat to sjen. Se seine: ‘Dit is in nuver spul. De boerinne hat ús oars doch wol goed bitsjut, hoe't wy it ha moasten’. Se meanden noch ris in stryktocht en doe seine se: ‘Nou kin it ús neat mear skille, nôch of healnôch, mar wy ite de beantsjes’. Se hiene honger bimeand en smieten it ark del. Mar de beantsjes wiene