Peallen ûnder de sinne
Trije poepen hiene har by in boer forhierd. Se moasten salang troch meane dat de sinne ûndergong. Mar de earste de bêste kear kamen se op 'e pleats al fier foar't de sinne ûnder wie. ‘Hwat nou?’ frege de boer, 'de sinne is noch net ûnder'. ‘Ja’, seine de poepen, ‘dat is ek sa, mar sjoch, dy peallen - as dy der ûnder stean bliuwe, dan giet de sinne noait ûnder!’ Doe seach de boer ek, en ja, de sinne skoarre wakker. Hy sei: ‘Dêr giet er like goed om ûnder. Dat is allinne it skâd mar’.