De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 290]
| |
my arbeide hat. Hy koe de hannen net thúshâlde. En hwa't stelt, dy foroaret hjir yn Fryslân yn sa'n beest. Wy neame dat in stikelbaerch’. Doe't de oare moarns de mier efkes yn 'e koken kaem, ear't noch in minske op 'e lappen wie, koe er it net litte en raem in droege woarst fan 'e deizen en dy naem er mei nei 't lân. Under it meanen moast er út 'e broek en doe't er him yn 'e sleatswâl troch de hoksen sakje liet, kaem er mei it gat yn in stikel to lânne. Mei de broek op 'e slomp kaem er op 'e pleats oan fleanen, en wylst er de droege woarst op 'e tafel smiet, gûide er: ‘Hjir is de woarst dy't ik fan 'e latten stellen ha. Help my, hwant de stikels waeksje my al ta 't gat út!’ |
|