De trije poepen dy't noch noait in tram sjoen hiene
Der wiene ris trije poepen yn Fryslân to meanen, dy hiene noch noait in tram sjoen. Twa hâldden by deselde boer ta en de tredde op in pleats dêr in eintsje ôf. Doe praetten se ôf, se soene inoar de sneintomoarns bitiid treffe by de trambrêge. De twa dy't byinoar wennen, wiene der op 'e tiid, mar Klaus, de tredde man, kaem mar net opdaegjen. Dat se tochten op 't lêst, wy moatte mar fuort, en se rounen de trambaen lâns. Se wiene noch mar in lyts eintsje, doe sei de iene: ‘Kiek - doar ligg't 'n bein!’ ‘Da's ja roar!’ sei de oare. Efkes fierder sei de oare: ‘Kiek - doar ligg't noch 'n bein!’ ‘Da's ja roar!’ sei de earste. Noch wer in eintsje fierder lei in romp mei twa earms. Doe seine se allebeide: ‘Da's ja roar!’ Mar se rounen troch, en dêr lei in holle. De earste poep draeide de holle hwat om, en rôp: ‘Donnerwetter! Da's de Kopp van Klaus. Soll'm wat passiert wez'n?’